Keamerfragen GroenLinks-PvdA oer tydlike sluting spoedeaskjende help yn Fryslân

SEH-keamer
Materiaal yn de spoedeaskjende help © Omrop Fryslân
De fraksje fan GroenLinks-PvdA yn de Twadde Keamer wol opheldering fan minister Pia Dijkstra fan Medyske Soarch oer it tydlik sluten fan de spoedeaskjendehelpôfdielings yn de Fryske sikehuzen.
Ferline wike melde Omrop Fryslân dat it geregeld foarkomt dat der gjin minsken mear holpen wurde kinne en de ôfdieling tydlik ticht moat.
Der is dan sa'n grutte oanfier fan pasjinten dat de trochstream nei oare ôfdielings yn it sikehûs stûket. Yn libbensbedriigjende gefallen is altyd romte, mar yn oare situaasjes moat in ambulânse dan trochride nei in oar sikehûs.
provinsjale steaten steatelid
Steatelid Daan Olivier (PvdA) © Hoge Noorden / Jacob van Essen
Keamerlid Julian Bushoff wol witte wat de konsekwinsjes binne fan dizze saneamde 'pasjintestops' en wat de minister dêr oan dwaan kin. Ek wol hy dúdlik ha oft de mooglike fúzje fan de sikehuzen fan It Hearrenfean (Tjongerschans), en Snits (Antonius) dy problemen slimmer makket.
Bushoff is benaud dat it soarchnetwurk op lokaal nivo troch dy fúzje ferdwynt. Earder stelde syn partijgenoat yn de Fryske Steaten, Daan Olivier, hjiroer ek al fragen oan Deputearre Steaten.
Olivier fynt dat de provinsje der alles oan dwaan moat om ûnderlinge gearwurking te stimulearjen. Sa moat de soarch yn Fryslân goed berikber bliuwe.