Skieppehâlders mei stress de maitiid yn: "Wanneer ontploft de mijn van blauwtong?"

blautonge
Diederik Sleurink, skieppeboer yn Gersleat © Omrop Fryslân
Dêr't skieppehâlders gewoanwei mei in soad wille útsjogge nei de maitiid, kinne se dit jier wolris mei in nachtmerje te meitsjen krije. Blautonge liket werom te kommen en kin sels slimmer taslaan as ea.
"Het is ondernemen in een mijnenveld tegenwoordig", seit skieppehâlder Diederik Sleurink, wylst er mei in pak strie troch syn pleats yn Gersleat rint. Om him hinne lizze de lamkes by de skiep yn de hokken.
It optimisme dat gebrûklik is yn dizze tiid fan lamjen, is lykwols fier te sykjen. Lykas in soad boeren fielt Sleurink in soad stress. "Je vraagt je nu af wanneer de mijn van blauwtong kan ontploffen."
Skieppehâlders yn de stress om de maitiid
De soarch foar kommende maitiid is dêrom grut by skieppehâlders. Bûten wurdt it hieltyd waarmer en de kommende tiid rinne de temperatueren op oant boppe de 10 graden.
Gnobmichjes - de bistjes dy't blautonge feroarsaakje - wurde nammentlik wer aktyf by dizze temperatuer en dus is de kâns grut dat blautonge weromkomt. "Je kunt mazzel hebben dat je de dans wat langer ontspringt", seit Sleurink. "Als het virus er eenmaal is en zich verder verspreidt, begint de loterij weer opnieuw."

Hoe ûntstiet blautonge?

Blautonge is in deadlike, mar net besmetlike firussykte dy't foaral foarkomt by wjerkôgers lykas skiep en kij. Bisten kinne der slim siik fan wurde en foaral skiep geane der gau oan dea. Gnobmichjes (yn it Nederlânsk bekend als 'knutten') fermannichfâldigje har yn heech tempo, wêrtroch't se in soad skiep treffe.
De gnobmichjes binne net aktyf yn de winter, mar as de temperatueren oprinne nei de 10 graden komme se wer foar de dei. Ferline jier waard Fryslân hurd troffen troch de blautonge. It tal skiep yn ús provinsje rûn mei 11 prosint werom.

De fraach is dan ek net oft dit firus de skiep treffe sil, mar wannear en hoefolle skiep oft troffen wurde. In faksin soe in oplossing wêze kinne foar de sektor, mar de ûntwikkeling dêrfan ferrint dreech.
By skieppebuorkerij 'By De Hân' fan eigeners Martin en Elsa Reitsma is de stress ek te fernimmen. Beiden sjogge net in soad perspektyf foar takom maitiid. It stel is ôfrûne jier hurd rekke troch blautonge.
Blautonge3
De famylje Reitsma waard ferline jier bot troffen © Omrop Fryslân
"Wy hiene sa'n 300 skiep dea", fertelt Martin. "Dat wie op meardere manieren in strop. Finansjeel, mar ek foar de bisten dy't wy allegearre misse en net samar ferfange kinne."
Op de pleats is it al folop lammerij, mar de holle is earne oars. "Eins is dit de moaiste tiid fan it jier", seit Elsa. "Mar dat is dit jier net sa."
Yn hast elke provinsje rûn it tal skiep it ôfrûne jier werom:
Ek Sleurink hat in soad lêst hân fan blautonge. Hy hat sa'n achthûndert skiep omrinnen op ferskate plakken yn Fryslân en Drinte. Ofrûne hjerst hie er fyftich deade skiep. "Dat was een flinke klap. Men zegt dat het dit voorjaar gewoon weer kan gaan gebeuren. En daar zijn we wel wat bang voor."

Gefolgen op lange termyn

Der binne ek skiep dy't blautonge oerlibje. Oer de gefolgen op de lange termyn is noch net folle bekend. It is bygelyks ûnwis hoe slim de skiep der sels oan ta binne en hoe't de lamkes út dizze skiep komme.
By Sleurink liket dat noch goed te gean. "We waren bang dat er minder lammetjes zouden komen of dat ze misschien misvormd zouden zijn, maar dat is gelukkig niet het geval."
Blautonge Adema
Minister Adema op wurkbesite by in troch blautonge troffen bedriuw © ANP
Yntusken hopet de hiele sektor op in faksin, mar dat wol noch net slachje. Ferskate proeven binne ôfkard troch de keuringstsjinsten yn Nederlân.

Faksin

Demisjonêr minister fan lânbou Piet Adema hopet dat it faksin der fan 'e simmer is en dan ek lyk brûkt wurde kin. De kâns is lykwols lyts dat dat slagget. "Ik ha my fertelle litten dat der mear as tsien soarten blautonge binne", seit Martin Reitsma. "Moat der foar elke fariant in faksin komme?"
As der no gjin stipe komt, is it foar ús bedriuw foarby.
Skieppehâlder Elsa Reitsma
Der is noch neat bekend oer alternative genêswizen dy't boeren brûken kinne. Se soenen skiep binnendoar hâlde kinne, mar fanwegen in beheinde romte is dat lang net foar elkenien mooglik.
De ûnwissens fan wat der komme sil, makket mismoedich. "Omdat je ek witte dat je der neat oan dwaan kinne", seit Elsa Reitsma. "Wy moatte ôfwachtsje hoe't de kommende tiid derút komt te sjen en dat makket it hiel frustrearjend.

Ophâlde

In nije sykteweach soe foar de famylje Reitsma noch wolris de genedeklap wêze kinne. Se libje fan de skiep en binne der dus finansjeel ôfhinklik fan. "As der no gjin stipe komt, is it foar ús bedriuw foarby."