De Hoop wol dúdlikheid foar wettertaksys: "Needsituaasje mei net liede ta ûnfeiligens"

Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA)
Habtamu de Hoop (GrienLinks-PvdA) © ANP
Keamerlid Habtamu de Hoop fan GrienLinks-PvdA sil Keamerfragen stelle oer it hurdfarren fan wettertaksys. "De berikberens fan de eilannen is wichtich, mar it moat wol feilich."
De Hoop stelt de fragen nei oanlieding fan it ûndersyk fan Omrop Fryslân, wêrút bliken docht dat wettertaksys op it Waad faak te hurd farre. Neffens de wet meie boaten dy't koarter binne as 20 meter yn it tsjuster net hurder as 20 km/oere.
Somtiden binne der legitime redenen foar it hurdfarren, as der bygelyks sprake is fan libbensbedriigjende situaasjes. Mar sokke situaasjes stean net omskreaun yn de wet en Rykswettersteat hat ek gjin sifers beskikber dy't dúdlik meistje hoe faak oft sokke situaasjes har foardogge.
Nei oanlieding fan it fatale ûngelok tusken wettertaksy Stormloper en snelboat Tiger yn 2022 hat Omrop Fryslân ûndersyk dien nei de farbewegingen fan wettertaksys. De útkomsten fan dat ûndersyk binne de ôfrûne dagen yn in trijelûk beljochte.
Hjoed diel 3 mei reaksjes út de polityk. Diel 1, oer it hurdfarren en de wetjouwing, en diel 2, oer it belang fan de wettertakys foar de leefberens fan eilannen, waarden snein 18 febrewaris en moandei 19 febrewaris publisearre.
"It te hurd farren fernuveret my net", seit De Hoop. Hy hat al earder syn soargen útsprutsen oer de problematyk, mar seit ek dat in oplossing net maklik te betinken is.
Ien fan de problemen is de wetjouwing. Ut in ûndersykrapport fan de Onderzoeksraad voor Veiligheid fan ôfrûne desimber docht bliken dat der gjin wetlike omskriuwing bestiet foar in wettertaksy. Undernimmers kinne dêrtroch har eigen ynfolling jaan oan de wet- en regeljouwing.
Neffens Peter van Suijlekom, âld-ferkearslieder op de Brandaris op Skylge, moat de wet op de maksimumsnelheid foarkomme dat partikulieren mei speedboaten te hurd farre en de natuer fersteure.
"Dat probleem tackel je wel met deze wet", seit Van Suijlekom. Mar hjirtroch kinne ek de wettertaksys nea hurd farre yn de nacht. "Dat is onnodig. Die varen niet op gebieden waar de vogels zitten en de bemanning is professioneel."
As it yn dizze proporsjes ferkeard giet, dan moatte wy dêr goed nei sjen.
Keamerlid Habtamu de Hoop
"It is in lestich lykwicht", sei De Hoop. "Je wolle der yn in needsituaasje foar soargje dat minsken op in goeie wize holpen wurde. Mar in needsituaasje foar de ien mei net liede ta ûnfeiligens foar in oar."
De Hoop skrikt wol fan it oantal kearen dat der te hurd fearn waard. Yn de lêste fjouwer moannen fan 2023 waarden 155 snelheidsoerskriedingen fêststeld. "As it yn dizze proporsjes ferkeard giet, dan moatte wy dêr goed nei sjen. Ik sil de minister hjir fragen oer stelle."
Peter van Suijlekom
Peter van Suijlekom © Omrop Fryslân
Van Suijlekom fynt dat de wet dúdliker wurde moat. "Als zich een incident voordoet, moeten watertaxi's ook snel kunnen varen. Als een snelboot met vierhonderd passagiers dat kan, dan moet een boot met acht mensen met dezelfde apparatuur en bemanning dat ook kunnen."

Oplossing minister giet net fier genôch

Op dit stuit wurket demisjonêr minister Mark Harbers oan rjochtlinen foar wannear't wettertaksys wol hurder farre meie yn de nacht, bygelyks yn gefal fan medysk ferfier of oare kalamiteiten. Mar dat is neffens De Hoop net genôch.
"Ik fyn dat it gean moat om de berikberens fan de eilannen foar de bewenners, dy moat der wêze. Mar dat is hjirmei noch net genôch regele."
Peter van Suijlekom en de Brandaris
Peter van Suijlekom en de Brandaris © Omrop Fryslân
De Hoop doelt op de situaasje op It Amelân. Trochdat de wettertaksy yn de nacht net hurd farre mei, fart er dêr hielendal net.
Dêrtroch sitte de Amelanners fêst op it eilân yn de nacht. Ek as der bygelyks in famyljelid op stjerren leit op de fêste wâl, kinne se der net nei ta.

Nije easken

Yn de maritime wrâld bestean der tal fan oplossingen foar it probleem. Van Suijlekom fynt dat der kritearia komme moatte foar wettertaksys.
"Er is een zekere mate van kennis vereist en het schip moet uitgerust zijn met specifieke apparatuur."
Eventuele oplossingen hurdfarproblematyk
  • Utsûnderingen fêstlizze wannear't wol te hurd fearn wurde mei;
  • Stranger farfoech mei praktykûnderfining;
  • Ferplichte twadde kapitein oan board fan wettertaksy;
  • Ferplichte radar oan board;
  • Oar hanthaveningsysteem mei AIS-gegevens;
  • Wettertaksy deselde rjochten as feartjinst.
Dêrneist is Van Suijlekom ek foarstanner fan in ferplichte twadde kapitein oan board. Guon wettertaksys dogge dat al.
"Snel varen in de mist en in het donker, dat kun je niet in je eentje. Als er zich iets afspeelt, dan moet je praten, sturen en kijken tegelijk. Dan gaat het te snel om alles in je eentje te kunnen overzien."

Oanpak

Ideeën binne der genôch, mar yn werklikheid bart der net in soad om de problematyk oan te pakken. De Hoop: "Undersyk nei ûndersyk wurdt dien, mar der is noch hieltyd te min dúdlikens foar de minsken dy't dizze fearten meitsje."
De Hoop folget de ûntwikkelingen de kommende tiid. "Mar wy ha te krijen mei bedriuwen en in minister dy't yn konflikt sitte mei-inoar. Se moatte sjen hoe't se dêrút komme."