Projekt 'yntime terreur' moat froulju út spiraal fan geweld en twang helje

Húslik geweld
Húslik geweld © Shutterstock
Ekstreem partnergeweld en stalking lykje hieltyd gruttere maatskiplike problemen te wurden. Koartlyn is yn Fryslân in projekt útienset om slachtoffers fan relasjonele tereur te helpen.
It wurdt wol 'yntime terreur' neamd, om't der kontrôle en twang by brûkt wurde. Soks is faak net sichtber omdat it achter de foardoar plakfynt.
It komt lykwols geregeld foar dat partners inoar it libben soer meitsje en dêr geweld by brûke. De term terreur is dêrom ek op syn plak, fynt stêflid Gerda de Groot fan ekspertize- en behannelsintrum Fier.
"Bij intieme terreur wil de een de ander controleren en in de macht hebben. Daarbij wordt geweld gebruikt, psychisch, lichamelijk en seksueel."
Projekt tsjin yntime terreur
En dat giet faak fier. Dei en nacht appkes stjoere, krekt witte wolle wêr't de partner is, kamera's ophingje yn hûs, bedriigje en stalke. It gefolch is dat slachtoffers faak it hûs net mear út doarre en yn in isolemint reitsje.
Ze belanden in een isolement en raken zichzelf kwijt.
Gerda de Groot fan Fier
"Ze zijn alleen maar bezig met de ander en raken het contact met zichzelf kwijt. En de opvoeding van de kinderen, die het allemaal zien gebeuren, wordt daardoor alleen maar ingewikkelder", seit De Groot.
In de measte gefallen binne froulju it slachtoffer. Jierliks wurde yn Nederlân tsjin de fyftich froulju troch harren partners om it libben brocht, saneamde femicide.
Pas as de driging sa grut wurden is dat der hast gjin útwei mear is, doare se help te sykjen buten de doar.

Beskerming en terapy

"Maar juist dat levert weer risico's op, want de dader is heel bang om verlaten te worden. Dus als een vrouw in uiterste nood naar de opvang vlucht, is het mis. Dan zoekt hij haar op, want hij wil de controle houden."
By Fier krije de froulju dy't út alle lagen fan de befolking komme, beskerming en terapy.

Net gelokkich

Ek wurdt der sjoen wêrom't de geweldplegers ta harren died komme. "Dat doen ze niet voor niks. Er is niemand geboren die dacht: laat ik later mijn vrouw eens controleren en pijn doen. Er zit iets onder, het zijn ongelukkige mensen."
It gebou fan Fier yn Ljouwert
It gebou fan Fier yn Ljouwert © Fier
Dêrom is it projekt 'Intieme Terreur' yn Fryslân úteinset. De earste froulju wurde al holpen en diele harren ferhaal. "Ze vertellen over de angst, dat het nooit ophoudt. Sommigen zeggen: hij vindt me toch, hij maakt me dood als ik niet doe wat hij wil."