Wolvegea foar miljoenen euro’s op ’e skeppe: in earste glimp is aanst al te sjen

Der wurdt al drok wurke yn it hert fan Wolvegea
Der wurdt al drok wurke yn it hert fan Wolvegea © Omrop Fryslân
Der wurdt de kommende jierren 24 miljoen euro stutsen yn it sintrum fan Wolvegea. It folsleine winkelgebiet giet op 'e skeppe. Dêrneist wurde it Pastorieplein en it Acht-Pilarenplein yngreven oanpakt.
Ferline wike is begûn mei it earste wurk oan de Hoofdstraat Oost. Dêr wurdt op dit stuit wurke oan in proeftún; in pear meter strjitte wurdt al hielendal yn de nije styl oanlein, sadat minsken sjen kinne hoe't it der aanst út komt te sjen.

Autolij, feiliger en griener

De winkelstrjitte wurdt hielendal op 'e nij ynrjochte. It wurdt autolij, feiliger en folle griener. Yn 'e bestrjitting wurde dêrneist hoefizers ferwurke, dy't ferwize nei de hynstesport dêr't it doarp om bekendstiet.
Sawol de ûndernimmers as de gemeente binne bliid dat de skeppe yn 'e grûn sit. "Eindelijk, na veel praten gaan we beginnen", ferwiist foarsitter Niels Gruter fan de ûndernimmersferiening nei de jierren fan tarieding.
It sintrum fan Wolvegea wurdt yngreven oanpakt
"Er komt een nieuw tapijt' in de winkelstraat, om ervoor te zorgen dat het winkelcentrum aantrekkelijk blijft. De kabels en leidingwerken worden vernieuwd en er komt nieuw tegelwerk in."

Feiligens

Yn de nije situaasje bliuwe fuotgongers, fytsers en automobilisten wolkom yn it winkelgebiet; de Hoofdstraat West en de Hoofdstraat Oost.
Sy kinne aanst op in feiliger wize njonken inoar bestean. "Het ging wel eens bijna mis", fertelt Gruter oer de hjoeddeiske ferkearssituaasje.
Foarsitter Niels Gruter fan de ûndernimmersferiening
Foarsitter Niels Gruter fan de ûndernimmersferiening © Omrop Fryslân
Yn it sintrum komt dêrneist in park, it 'griene hert' fan Wolvegea. It hjoeddeiske Pastorieplein wurdt dêrtroch ferbûn mei Huize Lindenoord en de tsjerke. Der komme yn de omjouwing wenningen mei winkels op 'e ûnderste ferdjipping. Under it park wurdt in parkearkelder oanlein.
"Dat noemen we fase twee van het plan", fertelt projektlieder André van Veen. "Eerst pakken we de winkelstraat aan. Het zijn nu allemaal stenen en dat wordt straks meer groen. Het moet een fijn verblijfsgebied, zodat mensen lekker kunnen winkelen."

Miljoene-ynvestearring

De plannen foar it sintrum fan Wolvegea binne net om 'e nocht. De totale kosten wurde rûsd op sa'n 24 miljoen euro. De gemeenteried stimde ferline jier al yn mei it plan. Om't it om sa'n grut bedrach giet, waard wol besletten om it jild yn fazen beskikber te stellen.
De grutte ynvestearring is wol rjochtfeardige, fynt wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf.
"We hebben echt een impuls nodig. Het is ook een investering die we voor twintig, dertig of veertig jaar doen. Het rendeert wat ons betreft altijd en Wolvega verdient het ook echt dat het een mooi centrum heeft."
Wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf
Wethâlder Roelof Theun Hoen fan Weststellingwerf © Omrop Fryslân
Dochs giet it neffens foarsitter Gruter fan de ûndernimmersferiening op dit stuit hielendal net min mei de middenstân. Dat is neffens him ek net de reden dat dizze grutte fernijingsslach makke wurdt.
"De winkels zijn gevuld, ondernemers zijn tevreden en het publiek is blij. Dat willen we graag zo houden. Je moet niet wachten tot het te laat is. Dat ziet de gemeente gelukkig ook", seit Gruter.

Kompakter sintrum

Yn de nije situaasje sil der yn it sintrale gebiet wol wat minder romte wêze foar winkels. It sintrum wurdt bewust kompakter makke. "Er komen steeds minder winkels", neffens de wethâlder. "Dit is ook om voor de toekomst leegstand tegen te gaan.
Yn 'e rin fan takom jier moat it winkelgebiet fan Wolvegea hielendal opkreaze weze. De werynrjochting fan it Pastorieplein en it Acht-pilarenplein hat noch in pear jier langer tiid nedich.
Under de wurksumheden sille passanten út en troch oerlêst of ôfslutingen ûnderfine, mar de winkels bliuwe wol berikber.