Fans spekulearje derop los: ferske Joost Klein wurdt ien grut feest

Joost Klein
Joost Klein © ANP
Joost Klein makket der ien grut feest fan op it Songfestival mei syn ferske. Dêr binne Fryske fans wis fan. De yn Britsum grutbrochte Klein fertsjintwurdiget dit jier Nederlân mei it ferske 'Europapa'.
Tongersdei komt it ferske nei bûten ta. Kris van Houten (19), Jesse van Wieren (21), Fabian Rijpstra (23) en Myrthe van der Molen (19) binne fans fan it earste oere. Sy binne derfan oerstjûge dat Joost Klein yn de top einigje sil mei syn ferske.

Gjin feilige opsje

Fabian Rijpstra út Ljouwert hie net ferwachte dat Joost Klein keazen wurde soe om mei te dwaan. "Nederland gaat toch altijd voor de veilige opties? Ik was aan het werk toen mijn moeder me belde om het nieuws te vertellen, mijn dag kon niet meer stuk."
Hy fynt it lestich yn te skatten watfoar nûmer it wurdt. "Hij heeft zoveel verschillende genres. Wordt het gabber of toch het serieuze zoals Florida 2009? Ik hoop dat het gabber wordt. Wat gaat Europa daarvan vinden? We mogen onze Nederlandse gabbercultuur toch wel inbrengen, dat vind ik alleen maar mooi."
Watfoar ferske wurdt it? Dat is de grutte fraach foar de fans fan Joost
"Ik haw mei freonen op skoalle posters ophongen en sa meiholpen mei de petysje om Joost Klein nei it Songfestival te krijen", fertelt Kris van Houten van De Pein.
Radiostjoerder 3FM fierde in aksje om safolle mooglik hântekens te krijen om Klein te stypjen as kandidaat foar it Songfestival. Mei dizze petysje binne mear as 25.000 hantekeningen ophelle.
"Ik fyn it sa cool dat it slagge is. Ik sjoch noait nei it Songfestival, mar no fansels wol. Ik tink dat der dit jier in hiel soad nije sjoggers bykomme."
De sfear en de gekte, ik tink dat Joost der wol tusken past.
Kris van Houten
Oft hy by it Songfestival past? "Jawis. Ferline jier wienen der ek safolle gekke akts. De sfear en de gekte, ik tink dat Joost der wol tusken past."
Dêr slút Myrthe van der Molen út Boalsert har by oan. "Ik denk dat het een heel vet nummer wordt, maar dat hij wel echt bij zichzelf gaat blijven. En dat is niet mainstream. Hij gaat er een echt feest van maken."

Hillich fan oertsjûge

"Hy wurdt no ek wol ferlike mei Finlân ferline jier, dy't twadde waard", fertelt Jesse van Wieren fan Kollumersweach. "Mar ik tink dat it ferske fan Joost dêr sels oerhinne giet. Dit kin echt wol yn de top komme, dêr bin ik hillich fan oertsjûge."
It ferske 'Europapa' dêr't Joost Klein Nederlân mei fertsjintwurdigje sil op it Eurovisie Songfestival, wurdt op 29 febrewaris bekend makke.
De premjêre fan it nûmer is yn in spesjale edysje fan Arjen Lubach mei de namme 'De Middag/Avondshow met Arjen Lubach LIVE'. De útstjoering is om 16.45 oere op NPO1.