Liveblog | 13 febrewaris

112-nijs 12 febrewaris: Jonge fertochten hearre eask en betoane spyt fan oerfal supermerk Starum

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 13 febrewaris, 19:35
19:35

Sel- en wurkstraf easke tsjin oerfallers supermerk Starum

De plysje by de oerfallen supermerk
De plysje by de oerfallen supermerk © CAMJO media
It Iepenbier Ministearje hat tsjin de twa oerfallers fan in supermerk yn Starum selstraffen en in wurkstraf easke. It giet om in 22-jierrige man fan Assen en in 18-jierrige man fan Starum. De oerfal wie op 14 novimber ferline jier.
De âldste fertochte bedrige in kassameiwurker mei in mes om oan jild te kommen. De oare fertochte doarde net mei nei binnen. De oerfal smiet úteinlik mar 500 euro op. Noch deselde jûn waard it stel oanholden op it treinstasjon fan Starum. Se wiene fan doel om de trein nei Ljouwert te pakken om dêr wyt te heljen, dêr't de 18-jierrige oan ferslave wie.
Earder op de dei hie it twatal al yn de winkel west, wêrby't de âldste fertochte winkelguod stellen hat. Der waard ûnder oare bier meinaam, dat by de 18-jierrige thús opdronken waard. Dêr betochten se ek it plan om de winkel te oerfallen. Dêr wie goed oer neitocht, sei de offisier fan justysje. Want se giene pas nei de winkel doe't it tsjuster wie en se hiene der spesjaal âlde klean foar oanlutsen.
Spyt fan de oerfal
Beide manlju hawwe spyt fan de oerfal, ferklearren sy op sitting. "Wij zijn geen georganiseerde criminelen", sei de 18-jierrige. De 22-jierrige fertochte sit noch hieltyd fêst. Tsjin him is in selstraf fan tsien moannen easke, plus tsien moannen ûnder betingst. Fierder wol de offisier dat er help krijt by it oplossen fan de skulden dy't er hat.
Foar de jongste fertochte easke de offisier binnen it jeugdstrafrjocht in wurkstraf fan 80 oeren en in selstraf fan 240 dagen, wêrfan 180 ûnder betingst. Fierder easke hy ek in alkohol- en drugsferbod plus in lokaasjeferbod foar Starum. Dêr wennet de fertochte yntusken al net mear.
De oerfal hat in soad yndruk makke op it winkelpersoniel. Slachtofferhelp hat in spesjale gearkomste organisearre foar de meiwurkers. "Het steekt enorm dat zoiets zelfs in Stavoren kon gebeuren", sei de offisier. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.
13:45

Fytsestellerij 'brutaal en skofterich'

DVM
Plysjeminsken by in supermerk © De Vries Media
Dat in man (43) yn in pear dagen tiid fjouwer fytsen stellen hie by twa supermerken yn Boalsert, wie 'brutaal' en 'skofterich'. Dat sei de offisier fan Justysje by de behanneling fan de saak.
De plysje kaam de man op it spoar doe't er mei in kompaan flak foar it stellen fan in fyts sûnder te beteljen bier meinaam út in supermerk. Ien fan de mannen hie wat oars wol ôfrekkene, en fia syn bankgegevens koe er opspoard wurde.,
De beide mannen ferkochten de e-bikes yn Ljouwert. Fan de opbringst kochten se bier en drugs.
De man hat in wurkstraf krigen fan 100 oeren, en in selstraf ûnder betingst. Hy wurdt fiif wiken opnaam yn in klinyk fan de ferslavingssoarch.
13:33

Tsientallen beljende bestjoerders beboete

Monocam yn aksje
De saneamde 'monocam' © Plysje Noard-Nederlân
De plysje fan Ljouwert hat tsientallen boetes útdield by in ferkearskontrôle dêr't spesjaal sjoen waard oft minsken in mobile telefoan fêst hieden ûnder it riden.
De kontrôle waard dien mei in saneamde monocam, dy't troch de foarrút fan de auto hinne sjen kin oft de bestjoerder in telefoan yn de hân hat.
By dizze kontrôle binne ûngefear 6500 bestjoerders besjoen. Dat meldt de plysje. Der wiene 75 bestjoerders dy't in telefoan yn de hân hiene. Se ha allegearre in boete krigen fan 380 euro.
13:18

Brân Wolvegea mooglik troch stofeksploazje

BTB
Brânwachtminsken yn Wolvegea © BTB Fotografie
De brân yn in fentilaasjesysteem fan in fabryk yn Wolvegea is nei alle gedachten ûntstien troch in stofeksploazje. Dat meldt in wurdfierder fan de brânwacht.
In stofeksploazje is it rappe ferbrânen fan lytse dieltsjes yn in ôfsletten romte. It is net dúdlik wat yn dit gefal de oarsaak fan de eksploazje west hat.
Neffens de brânwacht is der net ien ferwûne rekke yn Wolvegea.
12:58

Brânwacht: Brân yn Wolvegea is út

Wolvegea
De brân is út © Omrop Fryslân, Mats Gies
De brân yn Wolvegea is út. Dat meldt de brânwacht. "De hotspots in het ventilatiesysteem hebben we geblust en zijn klaar met de nacontrole."
12:21

'Lestich om by de kearn fan de brân te kommen'

BTB
Brânwachtminsken besjogge it fentilaasjesysteem © BTB Fotografie
Ferslachjouwer Mats Gies is by de brân yn Wolvegea. Hy meldt dat der fan bûten gjin reek te sjen is.
Neffens in meiwurker fan it bedriuw is de brân ûnder kontrôle, al is der wol noch reek yn it fentilaasjesysteem. Der soe gjin gefaar foar de omjouwing wêze.
De brânwacht kin dat noch net befêstigje: neffens in brânwachtman yn Wolvegea is it lestich om by de kearn fan de brân te kommen.