Wethâlder wol dassen ûnder skoalle Jobbegea 'ferliede' om te ferhúzjen

das
In das (net yn Jobbegea) © Flickr, Caroline Legg (cc)
Wethâlder Jaap van Veen fan de gemeente Hearrenfean wol de dassen ûnder de eardere Kanskoalle yn Jobbegea 'ferliede' om te ferhúzjen nei in oar plak.
De gemeente beskôget de eardere skoalle oan de Gordyksterwei as in 'kânsrike nijboulokaasje', mar de skoalle slope mei net salang't dêr dassen wenje.

Tiidslinende put

De wethâlder wol it probleem soarchfâldich oanpakke, mar dat kin aardich wat tiid kostje. "We moeten eerst anderhalf jaar kijken of we de dassen kunnen verleiden om een ander woongebied te bezetten. Als dat niet lukt, mogen we de dassen actief verwijderen. Dat betekent verplaatsen naar een kunstburcht. Als de dassen daar gewend zijn mogen we de oude burcht slopen."
De wethâlder frege en krige justerjûn grien ljocht en in kredyt fan de Hearrenfeanster gemeentepolityk foar in foarsichtige oanpak fan it dasseprobleem. Wol neffens de dêrfoar jildende regels, en dy lige der net om, sa sei de wethâlder.
Dassen Skoalle Jobbegea
In das © Appie Bergsma
"We moeten aan de provincie laten zien dat we er alles aan gedaan hebben om de das te beschermen en een andere plek te geven", seit de wethâlder. "We kunnen de school pas slopen als de provincie ons daar een vergunning voor geeft en dan pas kunnen we verder met de bouwplannen."
De dassen wenje ûnder de needlokalen fan de eardere basisskoalle. De bisten hawwe dêr in ûndergrûnske boarch boud doe't de skoalle al in skoftke ticht wie. In wyldkamera makket geregeld opnamen fan in pear dassen.

Wethâlder hie it leaver oars sjoen

It doarp Jobbegea hoecht neffens de wethâlder net op de ferhuzing fan de dassen te wachtsjen ear't der wer boud wurde kin. "Er zijn in Jubbega gelukkig nog vier andere nieuwbouwplannen voor in totaal zo'n 60 woningen. Dit plan staat in de planning voor 2026/2027. We hebben dus nog wel even tijd om voor deze dassen een nieuw plekje te vinden."
As wethâlder is Van Veen ferplichte om te hanneljen neffens de wetjouwing dy't de das beskermet. Persoanlik hat er der dochs wol wat muoite mei. "Ik zou liever meteen tot actieve verplaatsing overgaan, maar zo zit onze wetgeving niet in elkaar."