Femke Kok net, Tim Prins wol yn teamsprintseleksje foar WK ôfstannen

Femke Kok (argyf)
Femke Kok (argyf) © Orange Pictures
Bûnscoach Rintje Ritsma hat Tim Prins selektearre foar it ûnderdiel teamsprint op it WK ôfstannen yn Kanada. Dat hat de KNSB moandeitejûn bekend makke.
Prins sil de teamsprint yn prinsipe ride mei Janno Botman en Jenning de Boo. Stefan Westenbroek, Joep Wennemars en Wesly Dijs binne reserve.

Kok slacht teamsprint oer

Femke Kok sit net by de seleksje by datselde ûnderdiel foar de froulju. Marrit Fledderus, Jutta Leerdam en Antoinette Rijpma-de Jong ride wol. Naomi Verkerk en Isabel Grevelt binne de reserves.
Kok liet de teamsprint ferline jier ek al oan har foarby gean yn ferbân mei de 500 meter dy't in dei letter op it programma stie. Dat is dit jier wer sa.
Op de ploege-efterfolging is Marijke Groenewoud de iennige Fryske ynbring yn Calgary. Datselde jildt ek op de massastart. Dy rydt se mei Irene Schouten. De ploege-efterfolging mei Schouten en Joy Beune. Elisa Dul is op beide ûnderdielen de reserverydster.