Ard de Graaf wol ôfrekkenje mei 'bekertraumaatje': "Voor mij is thuis spelen een 10"

Sportcast
Ofbylding as yllustraasje © Omrop Fryslân
Ard de Graaf is bliid dat SC Cambuur yn de heale finale fan de KNVB Beker in thúswedstriid spilet. Al sân jier rint de algemien direkteur fan de klup nammentlik mei in 'bekertraumaatje' rûn, fertelt er yn de Sportcast fan Omrop Fryslân.
Sneontejûn kaam NEC as tsjinstanner út de koker by de lotting foar de heale finale. Dat duel sil, nei alle gedachten, op tiisdei 27 febrewaris spile wurde yn it Cambuur Stadion.
FC Grins, NEC of regearjend lânskampioen Feyenoord: de tsjinstanner makke De Graaf yn prinsipe net safolle út, as it mar in thúswedstriid waard. "Voor mij is thuis spelen een 10. De vorige keer hebben we 'm uit gespeeld", ferwiist De Graaf nei 2017.
Doe ferlear Cambuur yn de heale finale fan de beker nei strafskoppen fan AZ, nei't it duel yn 0-0 einige wie. Doe spilen de Ljouwerters in útwedstriid. De Graaf: "Dat traumaatje van een paar jaar geleden zit er nog wel. Ik wilde thuis spelen, de tegenstander is voor mij onbelangrijk."
It is de twadde kear yn de klupskiednis dat Cambuur de heale finales fan de KNVB Beker hellet.
By sc Hearrenfean wie der in eksploazje fan blidens nei de 3-2 oerwinning op Ajax. Dat de Amsterdammers ferslein waarden, wie foar it earst sûnt fyftjin jier.
Sportferslachjouwer Roelof de Vries begrypt it entûsjasme wol. "It sechtjinde plak kaam hieltyd tichterby, de krityk naam ta, it fuotbal waard minder en dan sit der wol wat druk op. Dat seagen je nei ôfrin foaral by sa'n Sven van Beek."

Gjin sicht op 3-3

Ien fan de haadpersoanen by dat duel wie assistint-skiedsrjochter Hessel Steegstra fan Snits. Hy moast by in 3-2 tuskenstân de situaasje beoardiele wêrby't de bal wol of net oer de line wie. Hie dat wol sa west, hie Ajax de lykmakker makke.
"Ik hie gjin optimaal sicht op de bal en dat ha ik ek gelyk sein tsjin de jonges", fertelt Steegstra 'the day after'. "Mar ik hie wol yn de gaten dat er der tichtby siet."
De fideoskiedsrjochter moast de knoop úteinlik trochhakke en dy stipe it beslút dat Steegstra-en-dy op it fjild namen. De suggestje dat de Hearrenfeanfans him tankber wêze moatte, ûntkent de Snitser. "Ik ha gewoan myn wurk dien."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de Sportcast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De Sportcast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere Sportcasts werom te harkjen.