Steenbergen bûten it WK-poadium op 200 meter wikselslach

Marrit Steenbergen
Marrit Steenbergen (argyf) © Orange Pictures
Marrit Steenbergen is op it WK langebaanswimmen yn Katar fiifde wurden op de 200 meter wikselslach. De swimster fan Easterwâlde finishte yn 2.10,24.
De titel gie nei de Amerikaanske Kate Douglas yn 2.07,05. It sulver wie foar de Kanadeeske Sydney Pickrem (2.08,56) en it brûns gie nei de Sineeske Yiting Yu ta (2.09,01).
Steenbergen hie har yn de heale finale as sechde pleatst foar de finale. Yn de finale kaam se ek net yn de buert fan it poadium. Mei allinnich de frije slach lei se sels op it achtste en lêste plak. In sterke einsprint soarge derfoar dat se har posysje noch ferbettere.
It wie net goed, it moast allegearre eins krekt skerper.
Marrit Steenbergen
"It wie net goed, it moast allegearre eins krekt skerper. De flinder wie sloardich en de skoalslach rûn ek net lekker." Dat kaam neffens Steenbergen net troch har sterke optreden op de 4x100 meter frij fan in jûn earder, mei in ferrassende gouden medalje as beleanning. "Ik hie fan 'e moarn lekker frij, rêstich oan dien. Ik haw in bytsje neigeiniete fan juster (snein, red.), mar ik slút it ek gau wer ôf."
De bêste prestaasje fan de swimster op in WK op dit ûnderdiel wie foar hjoed in sânde plak, ferline jier.
It restearjende skema fan Marrit Steenbergen op it WK
It restearjende skema fan Marrit Steenbergen op it WK © Omrop Fryslân