Oerbelêste bestjoerders en drege opfolging: Sport Fryslân wol kearntaken oernimme

Orange
Keatse foar senioaren yn Sint Nyk © Orange Pictures
Bestjoersleden dy't oerbelêste binne of foar wa't gjin ferfanger te finen is. Fryske sportklups hâlde har bestjoer hieltyd dreger oerein. Om ferlichting te bieden, tinkt Sport Fryslân nei oer in frij radikale stap: it oernimmen fan tradisjonele bestjoerstaken as de lede- of de finansjele administraasje.
Wa wol der hjoed-de-dei eins noch bestjoerslid wurde fan in sportferiening? In oerke helpe by in jeugdtraining, of it farvjen fan it klupgebou; dat giet faak noch wol. Mar minsken dy't har foar in pear jier oan in bestjoersfunksje ferbine wolle, binne hieltyd dreger te finen.
Keatsferiening Eendracht yn Harns kin dêroer meiprate. Nei in jierrenlange syktocht waard koartlyn einlik in nije ponghâlder fûn. De bliidens duorre lykwols mar koart. Op de gearkomste fan ôfrûne tongersdei lieten trije bestjoersleden witte dat sy der nei harren jierrenlange ynset nei de simmer mei ophâlde.
"Zij hebben het jaren en jaren gedaan", fertelt wedstriidsekretaris Stefan Quisenaerts. "Zij vinden het tijd voor de volgende mensen om het over te nemen, maar dan moeten die er wel zijn."
Sportferieningen
De keatsferiening hat al in soad besocht, en bliuwt dat dwaan. Mar de nije bestjoersleden steane net yn de rige. Wêrom't it sa swier keallet? "De tijd, denk ik toch. Je doet het toch maar naast je huidige werk. Je bent vaak al gauw een paar uurtjes bezig om alles weer klaar te krijgen."
Direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân sjocht dat in hiel soad Fryske sportklups hjirmei wrakselje. "Ik wol wol wat foar myn feriening dwaan, mar it leafst wol koart, of in bepaalde wurksumheid", neffens De Vries.
"Mar doar ik ek frijwilligerswurk op it gebiet fan it jild, de finansjês te dwaan? Taken dêr't wat mear wet- en regeljouwing by komt te sjen? Dêr sjogge wy wol dat de minsken dat mear en mear net oandoarre."

Taken oernimme fan ferieningen

Om ferieningen te ûntlêsten, tinkt Sport Fryslân deroer om mooglik primêre taken fan guon klups oer te nimmen. Dat giet dan bygelyks om de lede-administraasje of de finânsjes; taken dêr't by klups geregeld dreech in bestjoerder foar te finen is.
"Dat op oarder hâlde, kin bêst kompleks wêze", neffens De Vries. "Wy ha de systemen wol om dat te dwaan en kinne dêr ek minsken foar oanlûke. Mar dy minsken moatte betelle wurde en dêr is wol jild foar nedich, en it ferieningslibben moat dat fansels ek wolle."
Op dit stuit stipet Sport Fryslân sportferieningen bygelyks al mei trainers. Dy binne yn tsjinst by Sport Fryslân, mar fersoargje lessen by de sportferieningen, sadat dy de administrative lêsten net ha.
Anne Jochum de Vries direkteur bestjoerder Sport Fryslân
Direkteur Anne Jochum de Vries fan Sport Fryslân © Omrop Fryslân
Wa't foar it oernimmen fan de taken betelje moatte soe, stiet neffens de direkteur noch lang net fêst. It jild soe bygelyks by de klups sels weikomme kinne, mar ek by it bedriuwslibben of by gemeenten. "Wy sille dit útdjipje moatte. Wy moatte earst sjen oft der ek echt foldwaande fraach is om dit te dwaan."
It knypt hieltyd mear by sportferieningen. Ut ûndersyk fan de Belangenorganisatie Amateur Voetbalverenigingen (BAV) en it Register van Verenigingsbestuurders (RVVB) blykt dat de helte fan alle ferieningsbestjoerders yn Nederlân har struktureel oerbelêste fielt. Dêrtroch komme neffens de organisaasjes de kearntaken fan ferieningen yn 'e knipe en makket dat de ferieningen bot kwetsber.
Yn Harns hopet bestjoerslid Stefan Quisenaerts dat der foar de simmer noch nije bestjoersleden fûn wurde. As dat net slagget, slút hy net út dat de keatsferiening op termyn gebrûkmeitsje wolle soe fan de mooglike stipe fan Sport Fryslân.
"Het zou een optie zijn, en het zou mooi zijn als er zoiets komt", neffens Quisenaerts. "Toch hoop ik dat mensen uit Harlingen op zullen staan. Het zou het mooist zijn als we het zelf kunnen blijven doen. Dat we met zijn allen de schouders eronder kunnen zetten en er iets moois van gaan maken."