Yn 'e ban fan Joost Klein: "At ik dertrochhinne sit, lústerje ik nei Joost"

Joost Klein yn 2022 op Pinkpop
Joost Klein yn 2022 op Pinkpop © ANP
Joost Klein is in fenomeen ûnder jongerein. Wylst âldere generaasjes him pas kenne sûnt bekend wurden is dat hy nei it Eurovisie Songfestival giet, wit de yn Britsum berne artyst de jongere generaasjes al jierren te reitsjen.
Klein is in artyst mei ferskate gesichten, sa sizze syn fans. Fan hiphop en gabberpop oant ska en rêstige nûmers. Joost Klein is net yn in hokje te pleatsen. Syn teksten meitsje grutte yndruk. Der binne yn Fryslân in soad fans dy't him al sûnt syn begjinjierren folgje.
It ferske 'Europapa' dêr't Joost Klein Nederlân mei fertsjintwurdigje sil op it Eurovisie Songfestival, wurdt op 29 febrewaris bekend makke. De premjêre fan it nûmer is yn in spesjale útstjoering fan Arjen Lubach mei de namme 'De Middag/Avondshow met Arjen Lubach LIVE'.
De útstjoering is om 16.45 oere op NPO1.
Kris van Houten (19), Jesse van Wieren (21), Fabian Rijpstra (23) en Myrthe van der Molen (19) binne fans fan it earste oere. Joost Klein hat harren leard betrouwen te hawwen yn dysels, eigensinnich te wêzen en dy neat oan te lûken fan it oardiel fan in oar. En mei troch Joost binne se grutsk op harren Fryske identiteit.
Kris van Hout
Kris van Houten © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Kris van Houten (19) fan De Pein: "Ik bin al fan sûnt 2017. Joost is in hiele talintrike en leave jonge en syn muzyk rekket my soms bot."
"Joost betsjut in soad enerzjy en jout in posityf gefoel; ik lústerje eltse dei. At ik dertrochhinne sit en Joost lústere haw, dan wit ik dat it wer goed komt. Hy sjongt oer wat hy meimakke hat. Al jong hat hy beide âlders ferlern, hjir giet it ferske 'Florida 2009' oer. Ik tink dat dit oaren bot helpe kin dy't itselde meimakke hawwe."

Populariteit nimt ta

"Ik tink dat syn muzyk sa oanslacht ûnder jongeren omdat syn teksten sa oars binne as oare rappers. En fansels it ferske 'Friesenjung'. Doe binne der in hiel soad fans by kaam en wie de AFAS (in konsertseal, red.) samar útferkocht."
"Ik wie lêst by in grut konsert fan him yn Amsterdam en dat joech my in frjemd gefoel. In pear jier lyn stie ik yn Neushoorn yn Ljouwert en doe wienen der net safolle minsken. Om him dan no yn sa'n grutte seal te sjen mei safolle minsken, fyn ik bysûnder, om't hy wol út Fryslân komt. Ik bin hiel grutsk op hoe't hy it docht."
Jesse van Wieren
Jesse van Wieren © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Jesse van Wieren (21) fan Kollumersweach: "Ik bin al fan it begjin ôf oan in grutte fan en haw sels in tattoo sette litten op myn ankel. It is in kombinaasje fan twa ferskes: 'Zelfgemaakt' en '1983'. Joost is unyk en docht eat wat hím makket. Ik haw mysels ek op in eigen manier ûntwikkele."
"It is in echte keunstner. Hy makket sa syn eigen sjenre en eigen teksten, hjir kin gjin minske op komme. Ik fyn dat sa knap. Hoe't hy spilet mei wurden en de poëzij dy't hy yn syn ferskes hat, dat is gewoan keunst."
Ik haw sein noch in tattoo sette te litten at hy meidwaan sil oan it Songfestival. Ik tink dat dat 'droom groot' wurdt.
Jesse van Wieren, 21 jier fan Kollumersweach
"Syn muzyk makket in soad dopamine oan by my, ik wurd der hiel drok fan. Oan de oare kant binne der ek nûmers dêr't ik pikefel fan krij, lykas 'Florida 2009' oer dat hy syn âlders ferlern hat."
"Ik haw sein noch in tatoo sette te litten at hy meidwaan sil oan it Songfestival. Ik tink dat dat 'droom groot' (syn motto, red.) wurdt."
Myrthe van der Molen
Myrthe van der Molen © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Myrthe van der Molen (19) út Boalsert: "Ik ben eigenlijk niet zo van de Nederlandstalige muziek, maar ik vind de muziek van Joost heel anders. Je voelt altijd emotie in zijn nummers, zelfs in de wat snellere liedjes. Het gaat over zijn verleden. Hij heeft een heftige jeugd gehad."
Hij zegt dat het oké is om niet oké te zijn.
Myrthe van der Molen, 19 jier út Boalsert
"Voor jongeren is het een fijn voorbeeld omdat er niet veel gepraat wordt over mentale problemen in onze wereld. Hij zegt dat het oké is om niet oké te zijn. Ik vind het heel mooi dat hij dat laat zien."
"Ik heb veel vrienden die ook fan zijn en wij praten ook vaak over de minder mooie dingen die we meemaken."
"Toch wordt het bij Joost niet zwaar en depri, het blijft altijd een feestje. Dat komt omdat hij altijd wel die energie kan laten overkomen. Als bijvoorbeeld het nummer 'Florida 2009' bij een concert wordt gespeeld, dan zie je wel dat de sfeer omslaat. Iedereen trekt zich terug, maar het blijft alsnog gezellig."
Fabian Rijpstra
Fabian Rijpstra © Omrop Fryslân, Frouke Pekema
Fabian Rijpstra (23) út Ljouwert: "Ik reis samen met drie vrienden die ook groot fan zijn heel Nederland en zelfs België af om zijn shows te bezoeken. Een van mijn vrienden heeft zelfs een poster gemaakt die we binnenkort aan hem willen geven."
"Joost is uniek en durft zichzelf te zijn en dat spreekt me aan. Ik durfde mezelf eerst niet echt te uiten in mijn kleding. Door Joost durf ik nu gewoon wijde broeken te dragen of gekke dingen, dat vind ik heel fijn."
Gewoon doen en je niets aantrekken van anderen.
Fabian Rijpstra, 23 jier út Ljouwert
"Ik zie hem echt als voorbeeld; gewoon doen en je niets aantrekken van anderen. Dat heeft me heel erg geholpen door de jaren heen."
"Dat geldt denk ik voor veel fans en zie je ook tijdens zijn show. Je krijgt altijd veel complimentjes. Ook voelt het alsof je daar staat met alleen maar vrienden, ook al ken je elkaar niet."
Joost Klein groeide op yn Britsum. Doe't hy 10 wie, begûn hy mei it YouTube-kanaal EenhoornJoost. Dêrmei groeide hy út ta in lanlik ferneamde YouTuber. Letter waard hy bekend mei syn muzyk.
Al jong ferlear hy syn beide âlders, hy waard pest en fan skoalle stjoerd en wie sels in skoftke dakleas.
Yn syn ferskes ferwiist hy faak nei dy drege jierren. Yn syn album 'Fryslân' nimt hy syn publyk mei yn syn rouproses. It ferske dat hy op Songfestival sjongt, hjit 'Europapa' en is in ferske foar syn heit, sa lit hy op Instagram witte.