Advokaten kritysk oer ûndersyk Fryske drugsbinde: "Wat een geklungel"

gerjochtshôf gerjochtsgebou Saailân Wilhelminaplein rjochtbank Ljouwert
It gerjochtshôfgebou yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Daniël de Boer
"Het Vidar-onderzoek is onder de maat en de bewijsvoering is onrechtmatig." Dat sei advokaat Richard van der Weide yn it heger berop yn de Vidar-saak dat dizze wike tsjinnet foar it Ljouwerter gerjochtshôf.
Van der Weide is de advokaat fan in 53-jierrige Ljouwerter tsjin wa't 7 jier sel easke is. Yn it heger berop moatte 14 fertochten foarkomme. Sy wurde fertocht fan ynternasjonale drugshannel tusken Fryslân en Skandinavië, Tailân en Australië, it wytwaskjen fan jild en wapenbesit. Dizze wike komme harren advokaten oan it wurd.
It Iepenbier Ministearje easke freed selstraffen fan twa moanne oant sân jier tsjin trettjin fertochten yn de saak-Vidar. Nije wike moandei komt der noch in eask tsjin in 59-jierrige man út Surch dy't sjoen wurdt as de lieder fan de drugsbinde.
Het Openbaar Ministerie liep ziende blind achter A-4110 aan, terwijl hij een serieus ziektebeeld heeft. Daar kun je niet om heen.
Advokaat Richard van der Weide oer de boargerynfiltrant
By it oprôljen fan de drugsbinde is gebrûk makke fan in kriminele boargerynfiltrant. Dat is in krimineel dy't it fertrouwen fan oare kriminelen winne moat en sa ynformaasje sammelet foar de plysje. Syn ferklearringen meie fan advokaat Van der Weide lykwols net brûkt wurde. "De infiltrant heeft grote mentale gebreken en is dus niet betrouwbaar."
Dy mentale problemen binne ferline jier nei boppe kaam troch in ûndersyk fan neuropsycholooch Rudolf Ponds dy't de no 68-jierrige ynfiltrant ûndersocht hat. De man mei de dossiernamme A-4110 soe lêst ha fan waanbylden en soe demintearjend wêze. "En het Openbaar Ministerie liep ziende blind achter A-4110 aan, terwijl hij een serieus ziektebeeld heeft. Daar kun je niet om heen."

"Ronduit hilarisch"

Neffens Van der Weide hat de ynfiltrant yn dit Vidar-ûndersyk 'carte blanche' krigen om ûnskuldige minsken oan te setten ta misdied. "Hij heeft sturend en manipulerend opgetreden. Mijn cliënt is daar het slachtoffer van geworden."
De Ljouwerter wurdt troch justysje sjoen as 'logistiek manager' fan de kriminele binde. Van der Weide bestriidt dat. "Het is ronduit hilarisch. Mijn cliënt is niet eens in staat zijn eigen leven te regelen, hij is een chaoot." Van der Weide easket frijspraak foar de man.

Net rjochtmjittich

Sander Janssen, advokaat fan in 50-jierrige Ljouwerter sei út namme fan alle advokaten yn dizze saak dat de ynset fan de kriminele boargerynfiltrant net rjochtmjittich is. 'Het is een precair en riskant instrument dat in deze zaak niet gebruikt had mogen worden.
'En at je it wol brûke, moat it IM "zich houden aan een strikt regime van waarborgen. En dat was er niet bij A-4110", sa seit Janssen. Sa mei sa'n ynfiltrant allinne ynset wurde "bij zeer ernstige criminaliteit. En dat is in deze Vidar-zaak niet het geval." En de minister is net op tiid ynljochte, wat neffens de regels wol moat. "Wat een geklungel."

100.000 euro

De kriminele boargerynfiltrant krige foar syn wurk sa'n 100.000 euro. "In contanten, bovenop zijn uitkering. Dat mag volgens de wet niet, dat is uitkeringsfraude. Het Openbaar Ministerie heeft ook hier niet goed over nagedacht", sette Janssen útein.
Justysje woe mei de kriminele boargerynfiltrant oantoane dat de Hells Angels yn de ynternasjonale drugshannel sitte. "Maar in deze zaak is er geen enkele link met de motorclub."