Liveblog | 12 febrewaris

112-nijs fan 12 febrewaris: 14-jierrich famke út Ljouwert al mear as in dei fermist

Yn dit blog hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 12 febrewaris, 20:57
20:57

Famke (14) fermist út Ljouwert

In 14-jierrich famke út Ljouwert is sûnt justermiddei 16.15 oere fermist. Dat meldt de plysje. Se is foar it lêst sjoen op it stasjon yn Ljouwert. Mooglik is se fuortgien yn de rjochting fan Rotterdam. Se hie in treinkaartsje kocht nei dy stêd.
It famke hat in donkere hûdskleur, swart hier en donkrebrune eagen, en is 1.58 meter lang. Se hie op it momint fan har ferdwining in swarte broek en in bûntjas oan. It famke hat gjin telefoan, ID-kaart of pinpas by har.
Op de webside fan de plysje is de namme en in foto fan it famke te sjen.
17:10

Wurkstraf nei fjochtpartij

In 19-jierrige ynwenner fan Drachtsterkompenije is feroardiele ta in wurkstraf fan 100 oeren wêrfan 40 ûnder betingst om't er twa minsken mishannele hie.
De fertochte krige spul mei in freon nei't dy in ferfelende opmerking makke hie oer in famke dat net goed wurden wie. Uteinlik ûntstie der in fjochtpartij. Ien fan de slachtoffers rûn in brutsen noas op.
Njonken de wurkstraf moat de jonge ek 1.000 euro oan smertejild betelje.
15:18

Dútske ytpiraat proppet de búk fol op It Amelân: trije moannen sel

In oplichter (36) út it Dútske Mannheim iet yn de simmer fan ferine jier op ien en deselde dei de búk fol by fjouwer ferskate hoarekasaken op It Amelân. Ek in hoteloernachting waard net betelle. De man waard hjoed troch de plysjerjochter yn Ljouwert feroardiele ta trije moannen sel.
Op 25 july ferline jier sloech de ytpiraat ta op It Amelân. De man hie him nachts meld by in hotel, yn earste ynstânsje foar in oernachting. Doe't it beteljen net slagge, liet er in ôfskrift fan syn bankrekken sjen, dêr stie in saldo fan mear as 60.000 euro.
De man sei dat er de folgjende dei nei de VVV gean soe om te pinnen, mar hy kaam net mear werom. De folgjende dei gie er nei fjouwer hoarekasaken, dêr't er iten en drinken bestelde sûnder derfoar te beteljen.
De man hie ek noch in 'e-chopper' hierd by in fytsesaak. Ek dêrfoar betelle er net. Dy waard letter fûn yn Holwert. De man hie yn Dútslân ek al in strafblêd. Neffens de offisier fan justysje stiet dat "fol mei fraudesaken". De man sit op it stuit fêst yn Dútslân.
11:01

Harnzer ynslûper drinkt bier yn supermerk

In 28-jierrige Harnzer dy't twa kear ynbrutsen hat yn in supermerk yn syn wenplak, is troch de rjochtbank feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren.
De man kaam de winkel yn troch in winkelweintsje troch skodoar te triuwen. Nei de ynbraak trof de plysje him oan yn de winkel wylst hy bier oan it drinken wie.
Neffens in begelieder soe hy ferslave wêze oan dy drank. Njonken de wurkstraf krijt de Harnzer help en begelieding om fan syn problemen ôf te kommen.
08:11

Skoarstienbrân Foudgum

RTVNOF
De brânwacht yn Foudgum © RTV NOF
De brânwacht fan Dokkum is oproppen foar in skoarstienbrân yn Foudgum. Dat meldt RTV NOF.
De brân wie gau ûnder kontrôle. De brânwacht hat de skoarstien rage.
08:13

Wurk oan krúspunt op It Hearrenfean

Op It Hearrenfean wurdt wurke oan de ferkearsljochten fan it krúspunt fan de Rottumerwei en de DS Kingmawei. Dat meldt de gemeente.