Schulting rydt as hat se nea fuort west: "Het voelt heel goed om terug te zijn"

Suzanne
Suzanne Schulting © Orange Pictures
Se is der wer. Mei trije medaljes yn trije kleuren makke Suzanne Schulting har rentree yn it ynternasjonale shorttrack.
De wrâldbekerwedstriden fan dit wykein wienen har earsten sûnt se yn maart foarich jier ôfstân naam fan de sport. Se blykte besmet mei it cmv-firus, in broerke fan de sykte fan Pfeiffer, en ein foarich jier krige se by in falpartij in flinke snijwûne yn de rêch.
Yn de earste finale wûn Schulting in brûnzen medalje op de 1.500 meter. "Normaal ben ik niet zo blij met een bronzen medaille, maar nu wel", seit se dêroer. "Het voelt heel goed om terug te zijn."
Suzanne Schultling yn de relay-finale
Suzanne Schultling yn de relay-finale © Orange Pictures
It bleau net by ien medalje. Op har favorite ôfsân, de 1.000 meter, pakte se sulver, en op de relay sels goud, mei Xandra Velzeboer, Selma Poutsma en Yara van Kerkhof. Se riden de hiele finale op kop.
"Ik vind dat het best wel heel erg goed gaat", seit Schulting. Goud hie der yn sitten, op de 1.000 meter, seit se. "Je hoeft niet per se de allersterkste te zijn om te winnen."

Famylje yn spanning

Dy útspraak typearret Suzanne, seit har heit Jan Schulting by de NOS. "Het is mooi dat ze terug kan vallen op de tactiek: dus zo zuinig mogelijk rijden, en reageren op wat er in de wedstrijd gebeurt."
"En dan spreekt het ook in haar voordeel dat ze al 26 is, en dat ze al vanaf haar achttiende shorttrackt. Dus ze kan ergens op terugvallen. En dat is heel plezierig, dat je alles en iedereen - de rest van de wereld - zo concurrentie aan kan doen."
Wij wisten eigenlijk ook niet waar we aan toe waren
Heit Jan Schulting
Dat Suzanne hast in jier lang net ride koe, wie foar de famylje ek spannend, seit har heit. "Wij wisten eigenlijk ook niet waar we aan toe waren", seit er, ek al krige er wol in protte mei. "Ze is daar heel open in."
Schulting
Suzanne Schulting neist har mem Hannie en heit Jan (rjochts) © Orange Pictures
"Ze is drie keer in Brussel geweest, om helemaal wetenschappelijk doorgelicht te worden." Twa kear rûn dat út op in teloarstelling. "Eigenlijk mocht ze niets, terwijl ze heel veel wilde. Ze is heel kort gehouden. En voor iemand die zo op de toppen van haar kunnen is, is dat een hard gelag."
"De derde keer mocht ze meer dan alleen vooruit en achteruit lopen. Toen heeft ze haar eerste schaatsmeters weer gemaakt. En dan ga je kijken hoe dat gaat, technisch en zo. Maar wat voor haar belangrijker was: hoe ze herstelt van de trainingen. En dat ging steeds beter.
It kommend wykein is Schulting yn Poalen, foar de lêste wrâldbekerwedstriden fan it seizoen. It echte slotstik is yn maart: dan is it WK yn Rotterdam. "Daar kijkt Suzanne echt naar uit", seit har heit. "Het WK in Ahoy, dat wordt gewoon een spektakel!"