Steenbergen besoarget estafetteploech earste WK-goud sûnt 2011: "Wat gebeurt hier?!"

swimmen
Kira Toussaint, Janna van Kooten, Marrit Steenbergen en Kim Busch mei de gouden medalje © Dijks Media
Marrit Steenbergen hie gjin inkeld momint tocht dat in wrâldtitel mooglik wie op de 4x100 meter frije slach. Pas yn de lêste meters seach se dat Australië te pakken wie. "Ik dacht: wat gebeurt hier?!"
It is foar de 24-jierrige swimster út Easterwâlde har earste gouden medalje op in WK langebaan. Earder wûn se twa kear sulver en twa kear brûns. No swom se mei in sterke einsprint Nederlân nei it earste plak ta.
Steenbergen kaam yn Doha (Katar) as slotswimster yn aksje foar Nederlân. Har ploechgenoaten Kim Busch, Janna van Kooten en Kira Toussaint setten har ôf op it tredde plak. It ferskil mei ûnder oare koprinner Poalen wie grut.
Dat voelde heel onrealistisch.
Marrit Steenbergen hie noait tocht dat se noch nei it earste plak swimme soe
Steenbergen hold de oare lannen wol yn it sicht. "Ik adem altijd naar rechts en bij het keerpunt zag ik dat ik Italië al te pakken had. En ik zag nog drie andere landen voor me liggen. Ik dacht: twee daarvan moet ik kunnen pakken, die Australische laat ik wel gaan."
Mar se hie dy oare twa al gau te pakken en yn ien kear lei Australië ek binnen hânberik. "Dat voelde heel onrealistisch. Toen dacht ik: ogen dicht en gaan! In de laatste slag zag ik dat ik haar te pakken had. De meiden gingen uit hun dak, dit is echt fantastisch."
swimmen
Steenbergen (ûnder) is as earste by de finish, har ploechgenoaten steane te jubeljen © Dijks Media
En dat wylst de tarieding lang net perfekt wie. In kertierke foar de estafettefinale lei Steenbergen noch yn it wetter om har te pleatsen foar de finale fan de 200 meter wikselslach. Dat slagge, wêrtroch't se moarn wer om de medaljes swimme mei. Mar in soad tiid om te rêsten wie der dus net.
"Ik dacht dat ik geen tijd meer had om uit te zwemmen, maar m'n teammanger kwam me halen en vroeg wat ik wilde. Toen heb ik snel kort uitgezwommen. Daarna ging de knop om en zag ik de meiden, dan denk je niet meer aan die vorige afstand. Dan is het gewoon gaan!"

No nei olympysk sukses?

It is foar it earst sûnt 2011 dat Nederlân it estafettegoud pakt op in mondiaal toernoai. De fraach is wat der mooglik is op de Olympyske Spelen fan Parys takom simmer. Want op dit WK yn Doha swimme net alle lannen yn har sterkst mooglike besetting.
"Het is gewoon supergoed dat we hier meedoen, want anders kunnen we ook niet winnen", reagearret Steenbergen. "Realistisch gezien zijn de andere teams in Parijs sterker dan hier. Als wij daar de finale halen, dan zien we dan wel of we mee kunnen doen. Dit is gewoon een heel mooie opsteker."
It WK duorret noch oant en mei oare wike snein.
swimmen
It skema fan Marrit Steenbergen de kommende wike op it WK swimmen © Omrop Fryslân