Hearrenfean oerlibbet hektysk slot en boekt earste oerwinning op Ajax yn 15 jier

orange
Pelle van Amersfoort skoarde twa kear © Orange Pictures
Foar it earst yn goed fyftjin jier hat sc Hearrenfean wûn fan Ajax. De ploech fan Kees van Wonderen wie snein mei 3-2 te sterk foar de Amsterdammers.
Nei de earste helte sieten de Friezen al op roazen, troch goals van Pelle van Amersfoort en Osame Sahraoui. Flak nei it skoft makke Van Amersfoort sels syn twadde. Troch in eigen goal fan Pawel Bochniewicz kaam Ajax tichterby en Chuba Akpom brocht de spanning hielendal werom, mar Hearrenfean oerlibbe de hektyske slotfaze.

Haye werom

By Hearrenfean wie der wer in basisplak foar Thom Haye. De middenfjilder siet de ôfrûne twa wedstriden op de bank. Syn rentree yn de basis gie te'n koste fan Syb van Ottele. Op goal stie foar de twadde kear dit seizoen Mickey van der Hart.
Opstelling sc Hearrenfean: Van der Hart; Braude, Van Beek, Bochniewicz, Köhlert; Olsson, Brouwers, Haye; Wålemark, Van Amersfoort, Sahraoui
Yn in oantreklike earste helte kaam it earste wapenfeit fan Hearrenfean. Osame Sahraoui krige wat romte op links en helle út. Syn skot gong krekt oer de latte.
It wie in warskôgingsskot, want in lytse tsien minuten letter wie it wol raak. Pelle van Amersfoort lei de bal op it middenfjild breed op Patrik Wålemark. Dy ferlei it spul nei rjochts troch de bal mei te jaan oan Oliver Braude. De rjochtsback sette foar. Syn bal waard fan rjochting feroare en kaam doe perfekt op de holle fan Pelle van Amersfoort, dy't skerper wie as Ajax-ferdigener Josip Sutalo.
orange
Rjochtsback Oliver Braude spile in sterke wedstriid © Orange Pictures
Haye wie dêrnei ticht by in ferdûbeling fan de marzje: syn frije traap einige op 'e latte. Noch yn deselde minút rekke Ajax ek it houtwurk. Mei in djippe bal waard spits Brian Brobbey berikt. Hy lei de bal ôf op Kristian Hlynsson. It skot fan de Yslanner gong fia Bochniewicz tsjin de latte boppe Van der Hart.
Ek ferdigener Borna Sosa makke it Hearrenfean dreech mei in knappe frije traap, mar Van der Hart rêde like knap.
Goed fiif minuten foar it skoft beleanne Hearrenfean de sterke helte mei de 2-0. De basis lei wer oan de rjochterkant, mei Braude dy't de bal meijoech oan Van Amersfoort. Syn foarset gong foarby Luuk Brouwers, mar kaam wol by Sahraoui. Syn earste ynset kaam tsjin Sutalo oan, mar de rebound wie wer foar de Noar en no wie it wol raak.
orange
Hearrenfean fiert de 2-0 © Orange Pictures
Yn de blessueretiid soarge Van der Hart derfoar dat 2-0 ek de stân by it skoft wie, troch in frije traap fan Hlynsson út de linkerûnderhoeke te kearen.
Fuort nei de tee waard de wielde noch grutter foar Hearrenfean. Nei min útferdigenjen by de besikers begûn Sahraoui oan in avontuer oan de linkerkant. Hy berikte Brouwers mei in foarset. It skot fan de middenfjilder waard noch tsjinholden troch Ajax-doelman Diant Ramaj, mar yn de rebound stie Van Amertsfoort op it goede plak: 3-0.
Net folle letter die Ajax dochs wat werom. Ynfaller Akpom gong in kombinaasje oan mei Brobbey. Dy woe de bal werom jaan oan Akpom. Dat besocht Bochniewicz foar te kommen, mar hy wurke sa wol de bal achter syn eigen doelman.
orage
Mickey van der Hart © Orange Pictures
De Ajacieden hienen in soad balbesit, mar kamen nei de 3-1 lange tiid net yn de buert fan de oanslutingstreffer. Pas tweintich minuten foar tiid waard it wer ris gefaarlik foar it doel fan Van der Hart. In foarset fan de linkerkant kaam op de holle fan Brobbey, hy kopte fan tichtby de bal njonken.
Doe't de wedstriid stadichoan yn de slotfaze kaam, waard it dochs spannend. In foarset fan Sosa bal gong oer Akpom hinne, mar kaam wol út by Tristan Gooijer. Dy kapte himsels knap frij en lei werom op Akpom. De Ingelskman, dy't earder dit seizoen al twa kear skoarde tsjin Hearrenfean, die it no wer: 3-2.

Hektysk slot

Sa waard it in spannende lêste tsien minuten. Hearrenfean like te oerlibjen, mar djip in blessueretiid foel dan dochs hast de lykmakker. Yn in gaoatyske situaasje foar it doel fan Hearrenfean, kopte Sutalo de bal yn. Fia Sven van Beek en Syb van Ottele kaam de bal op de line, mar de fraach wie oft er deroerhinne wie. Ajax tocht fan wol, it hiele stadion fan net, en de arbitraazje wist it net.
orange
Bal oer de line of net? Nei minuten fan oerlis besleat de VAR fan net © Orange Pictures
Minuten oanien seach de VAR dernei, it wie in kwestje fan sintimeters of sels milimeters. Uteinlik besleat de VAR yn it foardiel fan Hearrenfean: it is de earste oerwinning sûnt 31 jannewaris 2009 foar Hearrenfean op Ajax.