Harkemase Boys titelkandidaat? "Dromen mag altijd"

harkema
Oanfierder Mart Dijkstra fan Harkemase Boys © Dijks Media
It giet dit seizoen goed mei Harkemase Boys. Nettsjinsteande it dikke ferlies tsjin Genemuiden fan dit wykein draait de ploech fan trainer Marcel Post knap boppeyn mei yn de tredde divyzje. In grut kontrast mei de ôfrûne jierren, doe't Harkemase Boys degradaasjekandidaat wie.
Teloarsteld rinne de spilers fan Harkemase Boys it fjild ôf. Tsjinstanner SC Genemuiden hat mei 0-4 wûn op De Bosk. In pynlik ferlies, fynt ek oanfierder Mart Dijkstra. "Toch vind ik dat de uitslag niet het beeld vertelt van deze wedstrijd. Het is geflatteerd, maar zij waren vandaag dodelijk effectief."

Berwout Beimers docht âlde ploech pine

Berwout Beimers út Hurdegaryp spile seis seizoenen foar Harkemase Boys, tsjintwurdich fuotballet er foar Genemuiden. Krekt tsjin syn âlde ploech skoarde er twa kear. En dat ek nochris op syn 26e jierdei.
orange
Berwout Beimers set foar, Mart Dijkstra kontrolearret © Orange Pictures
"Het voelt wel een beetje dubbel hoor", seit Beimers nei ôfrin. "Ik heb zes prachtige jaren gehad op De Bosk, dus voor mijn oude club is het geen fijne middag. Maar voor mezelf en m'n huidige club natuurlijk wel. Ik scoor twee keer, we winnen en we staan nu bovenaan met Genemuiden."
Foar Harkemase Boys einiget de middei dus yn in domper. In wike earder waarden ek al twa djoere punten ferspile tsjin leechfleaner Kampong. "Je merkt dat tegenstanders zich steeds meer aan ons aanpassen", seit trainer Marcel Post. "Daar hebben we het nu even lastig mee."
orange
Stefan Deuling baalt nei in doelpunt fan Genemuiden © Orange Pictures
Dochs stiet Harkemase Boys der noch goed foar yn de kompetysje. Yn ferliespunten is de achterstân op de twa koprinners, Genemuiden en Volendam, mar ien puntsje. Foarsitter Sippe Heeringa is grutsk op it earste alvetal en sjocht dat de hiele feriening meiliftet op de prestaasjes.
"We ha behoarlik wat trouwe fans, dy't altyd achter ús stean bliuwe. Mar fernimst gewoan dat der dit seizoen mear supporters nei De Bosk ta komme. Dat komt ek troch it goede fuotbal. Goede resultaten helpe altyd. En dêrnjonken organisearje we wat mear feestjes. Nei de wedstriid live muzyk yn de kantine, om mar wat te sizzen."
We kunnen niet het hele jaar pieken.
Mart Dijkstra oer de mindere resultaten fan ôfrûne wiken
En dat hat ek syn wjerslach op it earste team. "Er is meer interactie tussen de spelers en het publiek", sjocht Mart Dijkstra. Hy spilet yntusken alwer aardich wat jierren by de klup en is wiis mei hoe't it dit seizoen giet. "De sfeer in de groep is heel goed. Oké, de laatste twee wedstrijden zijn de resultaten iets minder, maar dat komt ook omdat we een jonge groep hebben. We kunnen niet het hele jaar pieken."
By Harkemase Boys giet it dit seizoen boppe ferwachting goed
De klik tusken haadtrainer Marcel Post en de spilers is poerbêst. Al yn novimber besleat Harkemase Boys syn kontrakt mei twa jier te ferlingjen. Post besiket de suksesfolle gearwurking te ferklearjen.
"Ik ben altijd heel open en eerlijk tegen m'n spelers. Als ik harde keuzes moet maken, probeer ik spelers altijd een spiegel voor te houden. Dan leg ik uit wat hij anders moet doen om bijvoorbeeld wél in het elftal te komen."

Fuotbaljende oplossing

"Ik ben heel blij met de trainer", seit Dijkstra. "Hij laat ons altijd zoeken naar een voetballende oplossing, dat vind ik fijn. Verder hebben voor een groot deel dezelfde groep als vorig jaar. Dus we hebben al een heel seizoen met elkaar gespeeld, dat zie je terug. En de spelers die er in de zomer bij zijn gekomen hebben veel kwaliteiten en wisten zich snel aan te passen."
Post: "In september speelden we uit tegen DVS'33. Die wedstrijd wonnen we met 1-3. Na afloop hoorde ik van supporters van zowel Harkemase Boys als DVS'33 dat ze al jaren niet meer zulk mooi voetbal hadden gezien. Dat is fijn om te horen, want als trainer heb je natuurlijk invloed op de manier waarop je wilt spelen. Maar je moet mijn rol ook niet groter maken dan het is, hoor."
orange
Suksestrainer Marcel Post: "We moeten wel een beetje met beide benen op de grond blijven" © Orange Pictures
Harkemase Boys wûn dit seizoen al in perioadetitel en is dus wis fan play-offs foar promoasje nei de twadde divyzje. Ek nei de lêste twa wedstriden wurdt op De Bosk al stikem in bytsje dreamd oer in kampioenskip.

Soad rek yn it team

"Mar ek as we ûnderoan steane, dreame we dêr wol oer, hear", laket Heeringa. "Der wurdt noch net in soad oer praat, mar dreame mei altyd." Dijkstra: "Maar tegen Genemuiden is wel duidelijk geworden dat er wel dingen beter moeten, willen we blijven strijden om de bovenste plaatsen. Dat heeft ook te maken met ervaring."
"We hebben denk ik de jongste selectie van deze competitie. Er zit nog heel veel rek in deze groep. We werken er iedere training hard aan om beter te worden."
Voor aanvang van de competitie wilden we veertig punten halen, daar hebben we nog steeds een overwinning voor nodig.
Marcel Post relativearret
"Vooral voor de mensen die al lang bij de club zitten is een seizoen als dit fantastisch", seit Post. "Maar we moeten wel een beetje met beide benen op de grond blijven. Voor aanvang van de competitie wilden we veertig punten halen, daar hebben we nog steeds een overwinning voor nodig."
"Aan de andere kant zijn we in deze divisie nog niet eerder zo dichtbij promotie geweest. Maar weet je, er kan nog van alles gebeuren. Er staan nog veel wedstrijden op het programma. Laten we kijken waar het eindigt. We mogen alles, maar we moeten niks. Zo staan we erin."