Henk de Jong poerlilk nei nij punteferlies: "Ik skreau my te pleuris"

cambuur
Henk de Jong coacht syn ploech yn de wedstriid tsjin VVV (3-3) © Dijks Media
De stoom kaam út Henk de Jong syn earen, flak nei it lykspul tsjin VVV (3-3). Wer hie syn ploech in foarsprong fuortjûn. "Dit is bernich. It is net foar te stellen."
Cambuur hie yn de earste helte al in foarsprong fan 2-0 út hannen jûn. Flak foar tiid like alles goed te kommen, doe't Roberts Uldrikis de 3-2 makke. Mar yn blessueretiid liet Cambuur de besikers wer op likense hichte komme.
"Dit is net te beskriuwen", seit De Jong. "Ik skreau my te pleuris. Op it lêst is Sekou Sylla as in linksbûten oan it ynsmiten by de cornerflagge. Dat moat net: gewoan ferdigenje, noch twa minuten. Ik nim it net allinnich him kwea ôf, mar ek de ferdigeners en middenfjilders."
Henk de Jong is wythjit nei it punteferlies
De Jong hat it faker sein: dit gebeurde net foar it earst mei dizze spilersgroep. "Je moatte gewoan de waffel iependwaan nei elkoar. Ik kin net alles foarsizze, se moatte it ek sels oppakke. We geane dermei oan de slach."
Wat mear hoeden spylje, wat mear ynsakje, is neffens De Jong gjin opsje. "Dan ferlieze we elke wedstriid. As we ynsakje, geane we nei de kloaten, dan giet alles deryn. We moatte gewoan sjen dat we mear goals meitsje as de tsjinstanner."
Ien fan de mannen by Cambuur dy't miskien it foartou nimme kin, is Vito Wormgoor. De nije ferdigener hat in soad ûnderfining en hy moat de rol fan 'rotsek' op him nimme. Mei oare wurden: syn ploechgenoaten somtiden goed de wierheid fertelle.
Ik denk dat ik vandaag zelf misschien ook meer had kunnen doen.
Vito Wormgoor
"Je ziet soms dat wij meteen in de war zijn bij een tegenslag", seit de rûtinier. "Natuurlijk probeer ik mijn ervaring wel te delen in de groep, maar ook moet ik de jongens nog beter leren kennen. En ik denk dat ik vandaag zelf misschien ook meer had kunnen doen, meer had kunnen brengen in die laatste fase. Had kunnen opstaan, als het ware."
Vito Wormgoor fielt him no al thús yn Ljouwert
Want ek Wormgoor koe syn ploech net helpe. "We stonden 3-2 voor, dan mag je het in principe nooit meer weggeven. En dat gebeurt wel, zo werd het nog 3-3. Als je dat bekijkt in het licht van de eerste twintig minuten, dan zou iedereen je voor gek verklaren."
Hy hat ek wol in idee wêr't it oan lei. "We moeten in bepaalde situaties gewoon slimmer zijn. En compacter staan, elkaar meer helpen. Als we met meer mensen in de zone staan, dan kunnen we een bal onderscheppen in plaats van dat het 3-3 wordt. We moeten er even goed voor gaan zitten. We willen omhoog kijken, maar dan moet het wel beter."
Wormgoor hat der lykwols fertrouwen yn dat it úteinlik wol goedkomt. "Ik voel me thuis hier, en dat kan alleen maar beter gaan. Ik ben ervan overtuigd dat we de stijgende lijn door gaan trekken."
As we it goed foarinoar krije, dan kinne we yn dit stadion gekke dingen dwaan.
Henk de Jong
Ek Henk de Jong is net allinnich mar negatyf. "Ik ha in protte respekt foar myn jonges. Twaenheale dei lyn ha se ek spile, yn de beker. Se ha har bêst dien, ek op de training. Se ha 100 prosint gas jûn."
Der falt dus noch wol wat te ferbetterjen, mar De Jong hat al nocht oan de rest fan it seizoen. "We moatte ús sjen te pleatsen foar de neikompetysje. As we it goed foarinoar krije, dan kinne we yn dit stadion gekke dingen dwaan."

"Noch hieltyd te folle tsjingoals"

Spits Uldrikis like de matchwinner te wurden. Hy hie Cambuur al betiid op foarsprong set en makke flak foar tiid ek de 3-2. It wie dochs net genôch foar trije punten. "Ik tink dat elkenien doe tocht dat we winne soene. Mar we ferlearen ús fokus makken in pear domme flaters, dêr moatte we wer fan leare."
It learen moat ek in kear klear wêze, jout Uldrikis ta. "It gebeurt ús te faak. Dizze wedstriid ek wer twa kear. We ha wol in soad ferbettere, mar we krije noch hieltyd te folle goals tsjin en dat is net goed."
Roberts Uldrikis is wer better, mar noch net hielendal 100 prosint
Foar Uldrikis sels wie it lekker dat er wer op it fjild stie, neidat er in skoftke siik wie. "Dat wie hiel dreech foar my, om net op it fjild te stean. De wedstriid tsjin Top Oss koe ik net iens sjen, sa min fielde ik my. Mar is noflik om werom te wêzen by it team, by de jonges en om myn ding te dwaan: fuotbalje."
It kontrakt fan de Let rint nei dit seizoen ôf. De fraach is oft er yn Ljouwert bliuwt. "Elke transferperioade is der wol wat ynteresse foar my. Ofrûne simmer wie dat sa, no yn de winter wie der ek serieuze ynteresse fan oare klups. Mar ik ha tsjin Henk sein dat ik hjir bliuwe wol, yn alle gefallen oant de simmer. Om it seizoen en it bekertoernoai ôf te meitsjen."
En dêrnei? "Ik stean oeral foar iepen, mar der stean noch in protte wedstriden op it programma en ik tink net dat no it juste momint is om it deroer te ha."