Cambuur spilet thúswedstriid tsjin NEC yn heale finale KNVB-beker

orange
Noch fjouwer teams meitsje kâns op de dinne-apel © Orange Pictures
SC Cambuur spilet yn de heale finale fan de KNVB-beker in thúswedstriid tsjin NEC. De oare heale finale giet tusken Feyenoord en FC Grins.
Dat Cambuur thús spilet, is foar Henk de Jong it wichtichste. "Dat is hillich! En it makket myn dei wer goed", seit de trainer, dy't earder op de dei noch baalde fan it lykspul tsjin VVV.

Rûte nei de heale finale

Cambuur pleatste him ôfrûne woansdei foar de heale finale, troch thús mei 3-1 fan earedivyzjonist Vitesse te winnen. Earder fersloegen de Ljouwerters al Hercules (4-3 nei ferlinging), Dordrecht (3-0) en MVV (4-1).
NEC wûn dizze wike yn de heale finale mei 3-0 fan ADO Den Haag. Yn eardere rondes wie de klup út Nijmegen te sterk foar Go Ahead Eagles (2-1), GVVV (6-1) en Roda JC (5-3).
orange
Cambuur fiert it beheljen fan de heale finale fan de KNVB-beker © Orange Pictures
It is pas de twadde kear dat Cambuur by de lêste fjouwer yn it bekertoernoai sit. De earste kear wie yn it seizoen 2016/2017. Doe wie Cambuur, mei Sipke Hulshoff as ynterim-trainer, hiel tichtby de finale: AZ wie nei penaltys te sterk.
De wedstriid wurdt spile op 27, 28 of 29 febrewaris. De presise datum wurdt nei alle gedachten ien fan de kommende dagen bekendmakke troch de KNVB.