Cambuur Sjoernaal: Moaie wike einiget mei lilkens nei ûnnedich lykspul

Cambuur Sjoernaal
Ofbylding as yllustraasje © Dijks Media
It hie in prachtige wike wurde moatten foar SC Cambuur: earst Vitesse útskeakelje yn de kwartfinale fan de beker en dan dat resultaat fersulverje mei in kompetysje-oerwinning tsjin VVV-Venlo. Dat lêste slagget de Ljouwerters net.
Oant twa kear ta fersmyt Cambuur in foarsprong tsjin VVV. It soarget derfoar dat de stoom út de earen komt by trainer Henk de Jong. Fierder prate we mei Sekou Sylla, dy't werom sjocht op syn aventoer yn de Afrika Cup mei Guinee. Hy lit unike bylden sjen út de Afrikaanske spilersbus.
Alles oer SC Cambuur - VVV yn it Cambuur Sjoernaal: