Cambuur jout twa kear foarsprong út hannen tsjin VVV

cambuur
Remco Balk baalt © Dijks Media
Twa kear kaam SC Cambuur thús tsjin VVV op foarsprong, mar it wie net genôch. De besikers kamen beide kearen werom en namen in punt mei út Ljouwert: 3-3.
Al binnen tsien minuten wie it 2-0, mar noch foar it skoft wie it alwer lyk. De punten liken flak foar tiid dochs yn Ljouwert te bliuwen, doe't Uldrikis de 3-2 makke, mar yn blessueretiid kaam VVV wer op likense hichte.
Uldrikis begûn foar it earst yn in pear wiken wer yn de basis. De ôfrûne wedstriden wie er der net by fanôf de ôftraap, omdat er siik wie. No wie Remco Balk net hielendal fit en dus begûn hy diskear op de bank.
Opstelling: Van Osch; Van der Meer, Tol, Smand, Poll; Van Mullem, Van Kaam, De Jong, Breij; Uldrikis, Smit
Uldrikis hie der nocht oan. Al fuort yn de twadde minút krige er in kâns. Yn de achtste minút besocht er it opnij, doe mei sukses. De Let makke in foarset fan Jhondly van der Meer knap ôf en de 1-0 wie in feit.
cambuur
Roberts Uldrikis fiert syn 1-0 mei Fedde de Jong en it publyk © Dijks Media
De 2-0 folge al rap. Mei in knappe djiptepass krige Marco Tol de bal by Daniël van Kaam. Dy sette hurd foar en Rick Ketting skeat de bal efter syn eigen doelman.
Cambuur hie in it earste kertier dúdlik de oerhân. Sa krige Uldrikis sels noch de kâns op de 3-0, mar diskear miste er it doel.

Al gau wer lyk

De besikers út Venlo spilen foaral panykfuotbal, oant Martijn Berden de spanning werombrocht yn de wedstriid. Doelman Yanick van Osch kearde earst it ôfstânsskot fan Janssen, mar yn de rebound koe Berden fan tichtby binnenwurkje.
Yn de 29e minút folge sels de lykmakker. Berden joech de assist en Michalis Kosidis wie Floris Smand te rap ôf: de Gryk skeat de bal yn de fiere hoeke.
Fan it goede spul út it begjin fan de wedstriid wie doe net mear in soad oer. It waard rommeliger en foar it skoft waard der net mear skoard.
cambuur
Roberts Uldrikis wie mei twa goals de man fan de wedstriid © Dijks Media
De twadde helte kaam wat dreger op gong as de earste, mar nei in skoftke begûnen de kânsen oer-en-hinne wer wat te kommen.
Tsien minuten foar tiid liken de Ljouwerters wer op foarsprong te kommen, doe't ynfaller Balk skoarde. Dat die er lykwols mei de hân en dat waard sjoen troch skiedsrjochter Marc Nagtegaal: hy joech Balk giel en dat betsjut in wedstriid skorsing foar de oanfaller.
cambuur
Remco Balk skoart mei de hân © Dijks Media
Flak foar tiid wie it dochs raak. Nei sa'n in scrimmage fan sawat tsien sekonden yn it strafskopgebiet kaam de bal by Uldrikis: dy kopte syn twadde goal fan de wedstriid binnen en sette Cambuur op 3-2.

Dochs gjin folle bút

De bút like binnen foar de Ljouwerters, mar Milan Robberechts stuts dêr yn de blessueretiid noch in stokje foar. VVV gong mei in soad spilers nei foaren. De foarset fan Ketting ketste noch ôf, mar Pepijn Doesburg krige de bal by Robberechts, dy't maklik skoare koe yn in leech doel.
Yn de lêste minút krige VVV sels noch in kâns op de oerwinning, mar Van Osch foarkaam in folslein Limboarchsk feest.
Troch it lykspul bliuwt Cambuur op it achtste plak stean. Freed komt Jong FC Utrecht op besite yn Ljouwert.