Liveblog | 10 febrewaris

112-nijs 10 febrewaris: Problemen op spoar by Ljouwert foarby

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 10 febrewaris, 14:26
14:26

Problemen op spoar by Ljouwert foarby

De stroomsteuring yn Ljouwert is foarby, wat betsjut dat de spoarbomen wer op en del kinne. It treinferkear wurdt wer opstart.
13:26

Treinferkear langer plat troch stroomsteuring

It treinferkear fan en nei Ljouwert leit langer plat troch in stroomsteuring. Neffens de NS duorret it no oant ûngefear 15.30 oere. Treinreizgers moatte noch altyd rekken hâlde mei in ekstra reistiid fan mear as 60 minuten. Der wurdt neffens in oanpaste tsjinstregeling riden oant dat de steuring ferholpen is.
13:11

Ferkearsgaos op spoaroergang by de Schrans

It ferkear stie fêst om't de spoarbomen net omheech giene
13:03

Man ferwûne by brân yn wenning Ljouwert

Brân yn de Ypeijstraat yn Ljouwert
Brân yn de Ypeijstraat yn Ljouwert © CAMJO media
In man is ferwûne rekke by in brân yn in wenning oan de Ypeijstraat yn Ljouwert. De brânwacht kaam mei meardere ienheden op de brân ôf. Op de boppeferdjipping fan de wenning soe in barbecue yn 'e brân stien ha.
12:30

Gjin treinen fan en nei Ljouwert troch stroomsteuring

Tichte slachbomen op de spoaroergong by de Schrans yn Ljouwert
Tichte slachbomen op de spoaroergong by de Schrans yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Gjaldau Sijtsma
Troch in stroomsteuring ride der op it stuit gjin treinen fan en nei Ljouwert. Reizgers moatte rekken hâlde mei mear as 60 minuten ekstra reistiid. Neffens de NS duorret de steuring oant ûngefear 14.15 oere.
Om't der in trein stilfallen is by in oergong geane de spoarbomen op ferskate plakken yn Ljouwert net omheech, bygelyks op de Oostergoweg en de Schrans. Dat hat wer ta gefolch dat it ferkear op de dyk fêst komt te stean.
De plysje is oanwêzich by de oergongen om tafersjoch te hâlden op it ferkear. De spoarbomen wurde troch de plysje mei de hân omheech dien, sadat fytsers en fuotgongers der wol ûndertroch kinne.
Spoarbeammen Ljouwert Oostergoweg
Ferkear by de tichte spoarbomen op de Oostergoweg yn Ljouwert © Tjebbe Witteveen
12:11

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-liveblog fan sneon 10 febrewaris. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.