Lykje hûnen echt op de baas? Dizze eksposysje yn Harns jout it antwurd

Hûn
Ofbylding as yllustraasje © Omroep Zilt
Lykje hûntsjes no echt sa op har baaskes, of oarsom? Wa't dat beoardielje wol, kin it bêst efkes nei It Hannemahûs yn Harns. Dêr hingje 85 portretten fan grutske hûne-eigeners.
De portretten komme út de rubryk 'Rondsje met ut hondsje' út de Harlinger Courant, de measte Harnzers wol bekend. It gemeentemuseum It Hannemahûs sammele de portretten yn in eksposysje. It is it idee fan fotograaf Jeannette Wouthuis.
Doe't se in troupear fotografearre wêrfan't de man blyn wie, kaam ek de blinehûn Wida op alle foto's. Wouthuis wie fuort fereale. Doe't de man letter in oare hûn krige, kaam labrador Wida by har.
Fotograaf Jeannette Wouthuis
Fotograaf Jeannette Wouthuis © Omroep Zilt
Sa ûntduts se hoe't hûnebesitters yn Harns harren eigen sosjale netwurk hawwe. "Ik dacht: daar moet ik iets mee", fertelt Wouthuis. En dus ûntstie it idee foar in rubryk yn de krante.

Sprankeljende foto

Foar de foto by de rubryk brûkte se in spesjale technyk. "Ik gebruik de zon als tegenlicht", leit Wouthuis út. "En dan belicht ik het onderwerp met flitslicht. Zo wordt de foto sprankelend." By de foto stiet in tekst oer de hûn en it baaske.
De eksposysje 'Rondsje met ut hondsje'
Fjouwer jier lang kaam de rubryk alle twa wiken yn de krante. Nei 85 kear wie it tiid foar in eksposysje en in boek, '85x Rondsje met ut hondsje'.
Oant begjin maaie is de eksposysje te sjen yn it Hannemahûs yn Harns, dat alle twadde sneinen fan de moanne fergees tagonklik is.