Gerk Koopmans op syk nei it oarlochsferline fan syn heit: wat is der bard yn Tarnowiec?

Gerk Koopmans wol witte wat syn heit meimakke hat as twangarbeider
Gerk Koopmans wol witte wat syn heit meimakke hat as twangarbeider © Omrop Fryslân
Trije jier lang wie Gerk Koopmans syn heit twangarbeider yn de Twadde Wrâldoarloch, mar nea spruts dy oer wat er meimakke hie yn dy tiid. No 80 jier letter reizget Koopmans syn heit efternei nei Poalen. Want hy freget him noch altyd ôf: wat is der bard yn Tarnowiec dat syn heit sa foarme hat?
Joop, de heit fan Gerk, wurke fan syn fjirtjinde ôf as magazynwurker by Koopmans Meelfabrieken yn Ljouwert. De direksje krige yn 1942 de opdracht 10 prosint fan it personiel beskikber te stellen foar tewurkstelling yn Dútslân. Joop waard ek selektearre foar de Arbeitseinsatz. Hy wie noch mar 19 jier âld.
Yn Breslau waard er oerdroegen oan Willi Riegel, de eigener fan in houtfesterij yn it doarpke Tarnowiec, djip yn de bosken fan Silezië. It like allegearre bêst regele, ynklusyf arbeidskontrakt mei fertsjinsten en ferlofrjochten. Mar de werklikheid bliek hiel oars te wêzen.
It twadde diel fan de FryslânDOK 'Wat is der bard yn Tarnowiec?' is hjirûnder te besjen.
As der gjin goedkarring komt foar in pear wiken ferlof om de krystdagen hinne, docht bliken dat de tsjinstbetrekking eins in liifeigendom is. Joop en syn lotgenoat Jopie beslute dochs om mei de trein nei Nederlân te reizgjen, mar wurde oppakt by de grins.
Nei seis wiken sel yn ferskate finzenissen komt Joop werom op de houtfesterij. Fan dan ôf hearsket der in oar rezjym en wurdt Gerk syn heit as rjochtleaze slaaf behannele.
It ferhaal fan Joop Koopmans is de reade tried yn it FryslânDOK-twalûk 'Wat is der bard yn Tarnowiec?'. Sneon 10 febrewaris wurdt it twadde diel útstjoerd op NPO2, om 15.30 oere. Snein 11 febrewaris is de FryslânDOK by Omrop Fryslân te sjen op telefyzje. Fan 17.00 oere ôf alle oeren.
It earste diel is werom te sjen op de programmapagina fan FryslânDOK.
"De verschrikkingen hebben voor mijn vader geduurd van het voorjaar van '43 tot begin '45", fertelt Gerk Koopmans. "Toen kwam het Russische leger steeds dichterbij en is Silezië bezet. Mijn vader heeft in die tijd de houtvesterij verlaten, bang om vermalen te worden in het oorlogsgeweld dat van Silezië in die dagen een hel op aarde maakte."
Dochs wol Gerk witte wat syn heit meimakke hat, om him postúm better kenne te learen. Fia Deventer, Frankfurt en Dresden makket er de reis nei Tarnowiec, om út te kommen by de houtfesterij dêr't syn heit te wurk steld wie.
Gerk Koopmans yn in Poalsk wurkkamp
Gerk Koopmans yn in Poalsk wurkkamp © Omrop Fryslân
Yn totaal kamen meer as 2,7 miljoen twangarbeiders om yn de Twadde Wrâldoarloch. 27.000 twangarbeiders út Nederlân ha de oarloch net oerlibbe. Gerk syn heit Joop oerlibbe it wol. Mar slagget it Gerk om der efter te kommen wat syn heit meimakke hat yn de donkerste tiid fan syn libben?
"Er is niet veel meer over van de beladen plek waar jij de donkerste jaren van je leven hebt geleefd. De geschiedenis is overwoekerd. Letterlijk. In plaats van omgehakte bomen die verzaagd worden groeien in het gebouw levende bomen en struiken. Ik kan me maar moeilijk een beeld vormen van hoe het destijds is geweest."