Fan plysjeman nei fakkefoller: Harry van der Laan makke in karriêreswitch

Harry van der Laan oan it wurk
Harry van der Laan oan it wurk © RTV NOF
It is in bysûndere oerstap. Nei 43 jier plysjeman west te hawwen, is Harry van der Laan fan Holwert no fakkefoller. In dream gie yn ferfolling.
Van der Laan wie wykagint en wurke, foar't er ferline jier mei pensjoen gie, foar de plysje yn Noardeast-Fryslân. Mar wat er absolút net woe, wie efter de geraniums sitte.
Doe't Van der Laan mei pensjoen gie, hellen syn kollega's en famylje noch in grap út. Op ien fan de lêste wurkdagen krige hy in melding fan dieverij by in supermerk yn Dokkum.
By oankomst die lykwols bliken dat it syn soan wie, dy't twa blikjes drinken 'stellen' hie. It foarstel wie dat Harry wol in oerke fakkefolje mocht om de blikjes werom te beteljen.
Mar by dat oerke is it net bleaun. It is yntusken in jier nei syn pensjonearring en Van der Laan wurket noch fjouwer oeren de wike by in oare supermerk yn De Westereen.
"Ik vond dit vroeger al mooi en ik ben nog fit en vitaal", seit Van der Laan, dy't no benammen op de suvelôfdieling wurket.

It kontakt hâlde

It befalt him goed. "Je werkt hier op datum, dus je moet ook wel een beetje opletten." Mar fierder genietet er fan it kontakt mei de klanten en de kollega's. Hy ken noch in soad minsken fan syn eardere baan as wykagint. "Alleen nu is de wijk wat kleiner geworden."
Ek al is it in flinke karriêreswitch, hy mist syn eardere wurk net al te bot. "Ik bekijk het meer als herinneringen, vooral met de omgang met mijn collega's en de dingen die ik heb meegemaakt."