Fryslân komt minister temjitte en bout 3.000 ekstra wenningen

huzebou nijbou
Fryslân giet "ûnder betingsten" akkoart mei it fersyk fan de demisjonêr minister © Shutterstock.com (Henk Vrieselaar)
De provinsje Fryslân bout de kommende jierren 3.000 hûzen ekstra, boppe-op de 17.700 wenningen dy't al ôfpraat wienen. Fryslân giet "ûnder betingsten" akkoart mei it fersyk fan demisjonêr minister Hugo de Jonge.
Op basis fan resinte prognoazen hat De Jonge it totale tal wenningen dat tusken 2022 en 2030 yn Nederlân boud wurde moat ferhege, fan 936.000 nei 981.000. Earst wie dat 917.000.
Deputearre Sijbe Knol seit mei klam dat Fryslân op skema leit mei de wenningbou, mei 4.000 hûzen dy't yn de ôfrûne twa jier boud binne. "We begripe de winsk fan de minister, mar wize der wol op dat realisaasje yn dit tempo in útdaging wêze sil."

Net allinne op papier

"Oantallen binne moai op papier, mar sy moatte wol realisearre wurde. It duorret net sa lang mear oant 2030", seit deputearre Knol.
"Ek al rinne wy foar, it wurdt wol hieltyd dreger om dy huzen te realisearjen. De boukosten binne oprûn, de rinte is tanaam, gemeenten kinne dreech personiel fine dy't bestimmingsplannen delsette. Dus wy hawwe sein: der moat jild by."
De provinsje wol de ekstra hûzen soarchfâldich ferdiele yn oerlis mei gemeenten. Mei de Fryske gemeenten sil der in oanfraach dien wurde binnen de wenningbou-ympulsjilden en de provinsje wol ek dat wenningboukorporaasjes mear kapasiteit krije om te ynvestearjen.