Frou (89) omkaam by ûngelok tusken Kimswert en Arum

ungelok
De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © CAMJO media
By ferkearsûngelok tusken Kimsert en Arum is hjoed in frou fan 89 jier út Súdwest-Fryslân om it libben kaam. Sy siet yn in auto en kaam yn botsing mei in linebus fan Arriva.
It ûngelok wie op de krusing fan de Greate Pierwei. De helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht, twa ambulânses en meardere plysje-auto's, wiene gau teplak en ek in traumahelikopter út Amsterdam waard oproppen. De helpferliening kaam foar de frou te let.
De dyk waard foar alle ferkear ôfsletten; de tadracht fan it ûngelok is noch ûnbekend.