Van Wonderen iepen oer twivels oer kontraktferlinging: “Top acht halen speelt belangrijke rol"

Kees van Wonderen
Kees van Wonderen © Orange Pictures
Moat Kees van Wonderen syn kontrakt ferlingje? Wol er dat sels eins wol? En wat wol de klup? Kees van Wonderen praat iepen oer syn oerwagingen. "Ik weet wel wat ik wil. Maar ik ga daar nu nog geen beslissing over nemen."
Krekt foar de winterstop joegen Van Wonderen en algemien direkteur Ferry de Haan oan dat it petear oer ferlinging fan it kontrakt útsteld wurdt. Neffens De Haan soe dat net earder as yn febrewaris of maart plakfine. It petear hat noch altyd net plakfûn.
Dochs binne der net drekt twivels, seit Van Wonderen. "Ik weet wel wat ik wil. Maar ik ga daar nu nog geen beslissing over nemen. Daar zit ook een stukje sentiment bij. Dan kun je wel met z'n allen goed samenwerken. Maar als het sentiment negatief is, werkt dat wel door."

Sentimint wichtige faktor

Neffens Van Wonderen spilet dat sentimint in grutte rol. Sa hat de nederlaach tsjin Excelsior yn it Abe Lenstra Stadion en de negative reaksjes op syn persoan wol wat mei him dien. Net sa dat it in beslissende rol spilet yn syn eigen beslút om wol of net troch te gean, mar Van Wonderen nimt it wol mei.
"Ik moet ook een gevoel hebben. Dat het sentiment goed is. Ik zeg niet dat je je oor daar naar moet laten hangen. Maar sentiment, wat mensen vinden, is wel belangrijk."
Njonken sentimint hat ek de posysje op de ranglist ynfloed op Van Wonderen. "Het halen van de doelstelling, het halen van de eerste acht, speelt daarbij een grote rol."
Mar wachtet hy dan oant de ein fan it seizoen mei it trochhakken fan de knoop? "Nee, het gaat het er meer om dat je er om speelt. Dat je het kunt halen."
Kees van Wonderen oer kontraktferlinging
Van Wonderen stiet der ûnôfhinklik yn. Miskien wol hy trochgean by sc Hearrenfean, mar giet er net troch, dan is dat ek goed.
Ik heb ook gezegd: ga met andere trainers praten.
Trainer Kees van Wonderen
Sterker noch, hy fynt ek dat Hearrenfean mei oare trainers prate moat.
"Ik heb ook gezegd: ga met andere trainers praten. Ik vind het heel normaal dat ze met anderen gaan praten. Over visies, maar ook om te zien of andere trainers bij de club passen."

Net op ien line mei Verbeek

Ald-Hearrenfeantrainer Gertjan Verbeek sei moandei yn de Sportcast, dat it útstellen fan de beslissing oer kontraktferlinging soarget foar twivels yn de seleksje. En dat it in teken fan swakte is. Van Wonderen fynt dat net.
"Ik denk dat je met heel veel ingrediënten te maken hebt. Wat de financiële mogelijkheden zijn, wat er mogelijk is, de stand op de ranglijst, het sentiment. Dat we daar nu nog geen beslissing over nemen, zegt niet dat we daar over twijfelen. Dat zegt dat we daar nu nog geen beslissing over nemen."
Kees van Wonderen oer de opmerking fan Sven van Beek
Nei it 3-3 lykspul tsjin Fortuna Sittard fan ôfrûne sneon wie oanfierder Sven van Beek kritysk op syn kollega's. "De bijters en flikkers op het veld, die hebben wij niet", sei er.

Van Beek en Van Wonderen wol op ien line

Van Wonderen kin him wol fine yn dy krityk. "Daar heeft-ie gelijk in. Rotzakken die aanvoelen hoe ze een wedstrijd over de streep moeten trekken, die missen we. Bij clubs als Twente, Sparta of Fortuna Sittard voelen ze dat beter aan. We hebben een iets te nette en aardige groep."
Doe't Van Wonderen oardel jier lyn by de klub kaam, woe hy in kultueromslach. Mar dat is noch net slagge, seit er.
"Het is bij ons geen gemakzucht. Het is een overlevingsmodus die ploegen als Fortuna Sittard wel heeft. En wij hebben dat niet. Je moet dat als club beter in balans krijgen."
Al fynt hy wol dat it better wurden is. "Luuk Brouwers heeft dat wel gebracht, maar dat kan wel beter. Mensen kijken graag naar artiesten, maar het gaat altijd om de balans."
Hearrenfean spilet snein tsjin Ajax en dy wedstriid is fan 14.30 oere live te folgjen yn it programma Snein yn Fryslân. Roelof de Vries docht it kommentaar.
By Hearrenfean ûntbrekt noch altyd Ion Nicolaescu. De spits ferbliuwt yn Madrid, wêr't hy troch in Moldavyske dokter behannele oan 'e búkspier.
"Het leek er op dat hij daar weer het veld op zou gaan, maar dat hebben ze nog even uitgesteld. Het gaat de goede kant op, maar het gaat nog wel even duren."
Daniël Karlsbakk wie der tsjin Fortuna sittard net by. Hy spile by de beloften, mar sit tsjin Ajax wol wer by de seleksje. Amir Ismaïl sit dêrtroch net by de seleksje.