Thom Haye relaxed oer miste transfer, mar sjocht gjin kontraktferlinging by Hearrenfean

Thom Haye
Thom Haye © Orange Pictures
Hy skatte de kâns heech yn dat er nei Como ta gean soe, mar gie net en kaam dêrnei op de bank telâne. sc Hearrenfeanspiler Thom Haye krige in flinke tik, mar hat him eins noait drok makke. "Ik ben vrij relaxed."
Yn jannewaris wie it sa goed as rûn. Of as as Haye doe sels sei: "De kans dat het doorgaat is groter dan dat het niet doorgaat."
De nûmer trije út de Italiaanse Serie B Como en Hearrenfean wiene it eins sa goed as iens oer de oergong fan Haye. Hearrenfean frege noch wol om in bytsje mei te profitearjen as Como promovearje soe. Dêr kamen de klups net út.

Gjin grutte teloarstelling

Hoe't Haye dat sels ûnderfûn? "Eigenlijk zoals het altijd gaat. Er waren gesprekken en dan komt er een moment of ze er wel of niet uitkomen."
Sa is der fan grutte teloarstelling eins gjin sprake. Haye bleau rêstich. "Ik ben vrij relaxed. Ik wist dat er een mogelijkheid was dat het niet door zou gaan."
Dêr wie hy op ynsteld, seit er. "Ik had al snel het gevoel dat we er nog een mooi half jaar van moeten maken in Heerenveen. Ik heb er wel vertrouwen in dat die mooie stap er nog wel van gaat komen. Dus ik was er wel vrij rustig."
It betsjut lykwols net dat er graach sjoen hie dat de transfer wol trochgien wie. "Ik kan wel zeggen dat ik het jammer vind. Maar ik heb ook snel de knop omgezet. Ik heb hier ook aangegeven dat als het zo is, dat het zo is."
Thom Haye makket him net drok, mar kontraktferlinging sit der net yn
Hearrenfean koe 700.000 euro fertsjinje oan de 29-jierrige middenfjider, fan wa't it kontrakt oan de ein fan dit seizoen ôfrint. Hearrenfean betelle twa jier lyn 750.000 euro oan NAC Breda foar Haye.
Kinst ek sizze dat it net tûk is Haye net te ferkeapjen. No fertsjinnet de klup ommers neat oan Haye. "Aan de ene kant wel. Aan de andere kant is het ook een waardering dat ze me er graag bij hebben."

Banksitter

Boppedat is Haye yntusken banksitter. De lêste twa wedstriden begûn hy op de bank. Trainer Kees van Wonderen fûn dat Haye tefolle mei de holle mei de transfer dwaande west hat.
"Dat was wel even schakelen. Ik heb daar ook in aangegeven, dat ik vond dat ik kon en moest spelen. Daar is anders in besloten. Daar had ik het wel even moeilijk mee. Maar daar heb ik verder weinig invloed op. Ik was het er niet mee eens, je kunt het er over hebben en dat is ook gebeurd."
Oft Thom Haye snein tsjin Ajax wer yn de basis begjint, wol Kees van Wonderen net sizze. Syb van Ottele begûn de lêste twa wedstriden tsjin AZ en Fortuna Sittard yn de basis.
De wedstriid Hearrenfean-Ajax begjin snein om 14.30 euro en is live by Omrop Fryslân te folgjen. Kommentator is Roelof de Vries.
No rint Haye út syn kontrakt nei dit seizoen. Moaie kâns dus om dan noch de stap nei Como te meitsjen.
"Ook dat moet nog blijken. Ik heb dat wel gelezen. Ik heb sinds dat het afgeketst is, geen contact meer. Ik ben daar ook heel rustig in. Ik moet gewoon zorgen dat ik lever en dan komen de clubs vanzelf."
Al is der fansels ek noch de mooglikheid om syn kontrakt by sc Hearrenfean te ferlingjen. Al tinkt Haye dat dy kâns lyts is. "Daar hebben we niet over gesproken, dus dat is denk ik geen optie."