Sekou Sylla werom by Cambuur nei Afrika Cup: "Ongelooflijke ervaring"

Sekou Sylla, Guinee
Sekou Sylla yn aksje op de Afrika Cup © ANP
Mei in bûse fol ferhalen en aventoeren is Sekou Sylla werom yn Ljouwert. De ferdigener die de ôfrûne moanne mei heitelân Guinee mei oan de Afrika Cup yn Ivoarkust.
It is no sân wiken lyn dat Sylla foar it lêtst in wedstriid yn it giel-blau spile. Cambuur ferlear dy jûn yn in treastleas dekôr mei 3-1 fan FC Den Bosch.
Hoe oars wiene de ôfrûne wiken foar de Schiedammer. Yn fjouwer fan de fiif wedstriden fan Guinee op de Afrika Cup stie er yn de basis. It die bliken dat de kwartfinale it einstasjon wie, troch in nederlaach (3-1) tsjin Kongo.
"Het contrast met vorige week, toen ik nog in Afrika zat, is immens", fertelt Sylla, no't er werom is yn Ljouwert. "Het was op alle fronten fantastisch."
De Afrika Cup komt noch alle dagen werom by Sekou Sylla
Op foarhân hie Sylla net ferwachte dat hy in soad spylje soe. Hy hie nammentlik noch in oare linkerferdigener foar him, dy't de foarkar krije soe. "Ik heb van de vijf wedstrijden toch vier gespeeld. Het was een hele verrassing voor mij", jout Sylla ta.
Hy waard troch de bûnscoach benammen opsteld as linkermiddenfjilder. Dat befoel wol. Guinee die it boppedat ek better as yn 't foar tocht waard. Harren pûl, mei titelferdigener Senegal, Kameroen en Gambia wie foarôf betitele as 'poule des doods'.

"Dansen in de kleedkamer"

"Maar na de tweede wedstrijd tegen Gambia wisten we al dat we zo goed als door waren", laket Sylla, dy't in grut feest ûntstean seach.
"Dansen in de kleedkamer, feestvieren in het hotel. Het bleef dagen doorgaan, terwijl we moesten focussen voor de wedstrijd tegen Senegal."
Sekou Sylla yn duel mei Franck Magri fan Kameroen
Sekou Sylla yn duel mei Franck Magri fan Kameroen © ANP
By Guinee spile Sylla mei grutte spilers as Naby Keita (âld-Liverpool) en Serhou Guirassy (skoarde dit seizoen al 14 kear foar VfB Stuttgart yn de Bundesliga).
It kontrast mei Sylla, dy't foar de nûmer acht yn de earste divyzje fan Nederlân spilet, is dan wol grut. Hy genietet derfan: "Op de training zie je de kwaliteit er vanaf spatten. Je kunt ze elke bal inspelen en dan doen zij het werk."
Van het vliegveld naar de president was een halfuur rijden, maar daar hebben we drie uur over gedaan.
Sekou Sylla makke de gekte mei yn Guinee
Dizze wike kaam Sylla werom yn Ljouwert. Dêrfoar moast er him noch yn syn heitelân melde. "We wisten na terugkeer dat het feest zou zijn, maar het was ongelooflijk. Alle fans waren trots."
Op it programma yn Guinee stie in besite oan de president fan it lân, seit de 25-jierrige Sylla.
Sekou Sylla yn aksje op de Afrika Cup
Sekou Sylla yn aksje op de Afrika Cup © ANP
"Van het vliegveld naar de president was een halfuur rijden, maar daar hebben we drie uur over gedaan. Er stonden allemaal supporters voor de bus. Het was één en al chaos die dag. Dit heb ik nog nooit meegemaakt. Dit is een ongelooflijke ervaring die ik voor altijd meeneem."
Sekou Sylla sit sneon op de bank by SC Cambuur. Troch de goeie prestaasjes fan konkurrint Thomas Poll sjocht trainer Henk de Jong gjin reden om syn ferdigeners te wikseljen.
De wedstriid tusken SC Cambuur en VVV-Venlo begjint sneontemiddei om 16.30 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Sneon yn Fryslân. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.