Fan polarisaasje oant hûnen: skoalbern debattearje yn Frysk Jeugdparlemint

De learlingen dy't meidogge oan it Frysk Jeugdparlemint
De learlingen dy't meidogge oan it Frysk Jeugdparlemint © Omrop Fryslân
Emisjerjochten, Europeeske ekonomy, gene-editing en favorite húsbisten. It kaam freed allegear oan bar by it Frysk Jeugdparlemint.
Jongerein fan fiif skoallen debatearren en mochten Twadde Keamerleden Aant Jelle Soepboer en Habtamu de Hoop ûnderfreegje.
Trije dagen lang switte de skoalbern yn de banken fan it Provinsjehûs yn Ljouwert. Kreas yn de klean komme se yn de kunde mei Europeeske polityk. Sy moatte amendeminten tariede en besprekke, ferdigenje wêrom't se it sa opskreaun hawwe en ek Twadde Keamerleden ûnderfreegje.
Ferskate groepkes foarmen elk in Europeesk lân en moasten har neffens de politike stânpunten fan dat lân úterje. De bêste delegearren en foarsitters meie troch nei in lanlike en miskien wol Europeeske edysje.

Earfol

Dy ear hie Jasmijn Bottema foarich jier. Krekt in jier fan de middelbere skoalle docht se no net mear mei, mar organisearret se it evenemint mei twa oaren. Sy reizge foarich jier ôf nei Bulgarije.
"Het voelt als een grote eer. Je moet ook een landenspeech geven en daarmee Nederland vertegenwoordigen. Dus dat is voor deze jongeren straks ook heel mooi", fertelt Bottema.
"Het zijn intensieve dagen", seit mei-organisator Merle Weistra. "Het gaat er best wel serieus aan toe en het is ook leuk om te zien dat alle leerlingen het zo serieus nemen."
Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer by it Frysk Jeugd Parlemint
Twadde Keamerlid Aant Jelle Soepboer by it Frysk Jeugd Parlemint © Omrop Fryslân
Hoewol't Twadde Keamerlid Soepboer (NSC) fan Nijewier sels hielendal net dwaande wie mei polityk op de middelbere skoalle, fynt er sa'n evenemint wol wichtich.
"Ik ha se ek meijûn: slút dy oan by de polityk. It makket net út mei watfoar kleur, besykje mei dyn ynteresse dyt'st no al hast in goede bydrage te dwaan. Dan hast mear ynfloed ast tinkst."

Fragefjoer

Allegear soarten fragen waarden op de politisy ôffjurre. "Hoe sit it no mei de formaasje, hoe binne je yn de polityk bedarre, kin de stimleeftiid nei 16 jier, en hawwe jo ek húsbisten?"
Sa witte de jongerein no dat de trijejierrige hûn fan de âlden fan Habtamu de Hoop (GrienLinks/PvdA) fan Wommels fereale is op de hûn fan de buorren. Mar ek dat it Keamerlid yndie graach de stimleeftiid nei 16 ha wol.
"Omdat de jongerein yn dit fergrize lân echt yn de minderheid binne, en noch hieltyd soe de leeftiid nei 16 gean", lei De Hoop út.
Habtamu de Hoop beäntwurdet fragen
Habtamu de Hoop beäntwurdet fragen © Omrop Fryslân
Beide politisy kamen úteinlik mei itselde boadskip: wurkje gear. "Ik meitsje my soargen om polarisaasje", sei De Hoop. "Ik hoopje dat dizze generaasje mei inoar praten bliuwt. Dat docht de generaasje boppe ús net altyd even goed."
"Doch it mei elkoar", sei ek Soepboer. "Dan kinne je echt wat fuortsette. Debattearje liket altyd hiel moai, mar je moatte it wol mei inoar iens weze. Inoar fine kinne, is miskien wol it wichtichst."