Bekersukses fan Cambuur nei achtergrûn: "Fan dy rôze wolk binne we alwer ôf"

Henk de Jong
Henk de Jong © Dijks Fotografie
It bekersukses fan SC Cambuur is wer efkes op de achtergrûn rekke. Trije dagen nei de oerwinning op Vitesse wachtet VVV-Venlo foar de kompetysje.
"Fan dy rôze wolk binne we alwer ôf. Justermoarn noch wol efkes, mar dat wie ek terjochte", fertelt trainer Henk de Jong freed.
Tusken de wedstriid tsjin Vitesse en dy tsjin VVV-Venlo sit mar in lytse santich oeren. By de bûtenwacht libbet it bekersukses noch wol, fernimt De Jong om him hinne.
"Ik bin útnûge troch ferskate tillefyzjeprogramma's. Myn jonges binne útnûge om de lotting fan de heale finale te dwaan. Mar dat dogge wy allegear net, want wy ha noch neat en wy moatte saterdei gewoan wer fuotbalje."
Henk de Jong sit net mear op de rôze wolk nei it bekersukses
Foar de wedstriid tsjin VVV-Venlo sit Remco Balk op 'e bank. Hy is net hielendal fit. Dêrtroch komt der in plak frij foar Roberts Uldrikis. Fierder feroaret De Jong neat oan syn opstelling. Allinnich Gabi Caschili en Marcel Schaapman binne blessearre.
De nije spilers Agustín Anello en Vito Wormgoor reitsje hieltyd fitter en sitte op de bank. Sekou Sylla is der ek wer by en Sturla Ottesen kin debutearje tsjin VVV.
De konkurrinsje yn de spilersgroep nimt ta, fernimt De Jong. "Ik sjoch op trainingen dat der wat gebeurt yn de groep. Dat fyn ik moai. De jongens diene altyd harren bêst, mar der giet no in skepke boppe-op. Dat moatte we ha."
De wedstriid tusken SC Cambuur en VVV-Venlo begjint sneontemiddei om healwei fiven. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Sneon yn Fryslân. It kommentaar komt fan sportferslachjouwer Andor Faber.