Femke Wiersma kart boere-aksjes net ôf: "Mar rop net op ta krimineel gedrach"

It cv fan Femke Wiersma
It cv fan Femke Wiersma © Omrop Fryslân
Deputearre Femke Wiersma (BBB) kart de boere-aksjes fan de ofrûne wiken rûnom yn it lân net ôf. Sy seit begryp te hawwen foar de boeren. "Mar de aksjes moatte wol publyksfreonlik wêze."
Foar it Provinsjehûs yn Ljouwert wie moandeitemiddei in aksje fan 'ferûntrêste boeren en boargers'. Ofrûne wike protestearren boeren op ferskate plakken yn it lân troch sneldiken te blokkearjen. Yn Oerisel waard sels pún yn brân stutsen op de dyk.
Dêrby binne minsken arrestearre. Yn Fryslân waarden allinnich boetes útdield. Boargers en polityk reagearren fûl op de aksjes. "It binne ûntsachlike fideo's. Der sprekt wanhoop en ûnfrede út", seit Wiersma.

"Need heech"

"Mei al dy regels dy't oer bedriuwen útstoart wurde... Wy moatte net te gau in transysje ôftwinge wolle, want dêrmei meitsje wy in hiel soad dingen stikken."
Wiersma kin har dus wol ynlibje yn de boeren en harren aksjes. "As it echt krimineel is en der wetsoertrêdingen binne, dan soe ik dêr net ta oproppe. Mar ik begryp dat de need heech is."
Deputearre Femke Wiersma oer de boere-aksjes
Mei boere-aksjes wurdt der al gau sjoen nei Farmers Defence Force as oanstichter. Foaroanman Mark den Oever ûntkende lykwols dat de boere-aksjegroep achter de aksjes fan ôfrûne wiken stuts.
FDF en BBB wurde faak yn ien azem neamd, mar neffens Wiersma binne de twa net oan inoar liëarre.
Wiersma stiet lykwols wol iepen foar petear mei minsken. "Ik gean graach mei elts yn petear om ferantwurding te jaan oer ús belied, mar de oarsaak fan dit probleem leit net yn it foech fan de provinsje."

Green Deal

De boeren protestearje ûnder oare fanwegen ûnfrede oer Europeeske regels en de Europeeske Green Deal om Europa yn 2050 klimaatneutraal te krijen.
"Dat leit Europeesk en dy regels wurkje oer Nederlânske wetjouwing hinne. Wy kinne dêr net fuort wat oan dwaan hjir. Mar wy stean yn nau kontakt mei de ministers en lobbye yn 'e rjochting fan Europa."

Belied feroarje hat tiid nedich

Neist har wurk as bestjoerder sit Wiersma yn it Interprovinciaal Overleg. "Yn dy kommisje binne wy ynhâldlike dingen oan it tarieden om it belied te ferbetterjen. Dêr dogge wy echt ús bêst foar."
Wiersma hat ien ding leard: "Belied feroarest nea fan hjoed op moarn. Dat hat tiid nedich. Wy besykje mei alle provinsjes mei foarstellen te kommen."
Deputearre Femke Wiersma oer de boere-aksjes
Net allinnich op de dyk stiet de boel yn brân, de polityk stiet ek yn fjoer en flam. NSC stapte tiisdei nei acht wiken út it formaasjeproses mei PVV, VVD en BBB. Unferwachte finansjele tsjinfallers dy't oan it ljocht kamen wiene de reden dat de partij fan tafel gie.
Yn It Polytburo beprate presintatoaren Andries Bakker en Eric Ennema alle wiken mei in gast aktuele tema's yn de polityk. Sjoch hjir nei de folsleine útstjoering mei Femke Wiersma.
Wiersma hat geregeld kontakt mei foaroanfrou Caroline van der Plas fan BBB. Neffens Wiersma is NSC noch net definityf út de formaasje stapt.

"Bysûndere move"

Opfallend fynt Wiersma it beslút wol. "Hy praat altyd oer it werstel fan fertrouwen yn de polityk, dêr hat hy him mei de taslagge-affêre hurd foar makke. Hy wist dat de skatkiste leech wie, dus dat kaam net as in ferrassing foar him. Dan is it wol in bysûndere move dat hy op sa'n wichtich punt yn de formaasje derút stapt."

Kinne net om PVV hinne

In formaasjeproses kostest in soad enerzjy, wit Wiersma, dy't begjin ferline jier yn Fryslân ek in formaasje trochmakke.
In lanlike gearwurking tusken BBB en PVV slút de deputearre net út. "PVV hat de ferkiezings mei gigantysk grutte winst wûn. Wy kinne net om de PVV hinne."
Femke Wiersma oer de formaasje
Wiersma sjocht yn PVV wol in betroubere koälysjepartner. "Mar PVV sil wetter by de wyn dwaan moatte. Wilders is in betûft politikus, dus ik bin hiel nijsgjirrich hoe't dat giet no't de partij sa grut is en bewâldsminsken leverje moat."

Wilders skrikt net ôf

Geert Wilders skoot net ûnder stuollen of banken dat er presidint Poetin fan Ruslân as bûngenoat sjocht. En ek yn de asylkwestje hat er in útsprutsen miening.
Dat skrikt BBB net ôf om mei de partij te ûnderhanneljen yn de formaasje. "Ik gean derfan út dat de fraksje yn Den Haag dêr genôch fertrouwen yn hat om derút te kommen."

Ferantwurdlikens

Wiersma ûnderstreket dat sy yn har funksje as deputearre los stiet fan har partij, mar lit blike dat sy gearwurkje mei de PVV net ôfkart.
"Wy ha in nij kabinet nedich. Der moat ferantwurdlikens naam wurde. It is wichtich dat partijen dy't derút komme wolle om tafel gean, en dat is mei de PVV, want dy is by far de grutste wurden.
De cartoon fan Gerco van Beek oer Femke Wiersma
De cartoon fan Gerco van Beek oer Femke Wiersma © Omrop Fryslân