Feriening húseigeners wol belestingen wetterskip earliker ferdiele: "Dat zit ons dwars"

It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân
It haadkantoar fan Wetterskip Fryslân © Omrop Fryslân
Wenningeigeners betelje hieltyd mear wetterskipslesten, wylst bygelyks bedriuwen minder betelje. Dat moat earliker, fynt de Vereniging Eigen Huis (VEH).
Dy ferheging fan lesten foar wenningeigeners komt foaral troch de stiging fan de WOZ-wearde, dêr't wetterskippen harren belesting op basearje. "Tussen 2015 en 2023 is die maar liefst met 73 procent gestegen. Terwijl die van andere gebouwen, zoals kantoren en winkels, met maar 0,2 procent steeg", seit Hans André de la Porte fan de VEH.
"Daardoor zie je dat huiseigenaren steeds meer waterschapslasten zijn gaan betalen ten opzichte van eigenaren van ander onroerend goed." Yntusken komt goed 80 persint fan de belesting dy't by Wetterskip Fryslân binnenkomt fan húseigeners. "Dat zit ons dwars", seit De la Porte.
Hans André de la Porte
Hans André de la Porte © Vereniging van Eigen Huis
Neffens bestjoerder Remco van Maurik fan Wetterskip Fryslân binne der ferskate grûnslaggen foar harren belesting. "Bijvoorbeeld de mate van vervuiling, de grond, de WOZ-waarde van een huis, maar voornamelijk het aantal inwoners van een huis." In ienpersoanshúshâlden betellet minder as in húshâlden mei meardere persoanen.

Grutte lanlike ferskillen

It falt de VEH ek op dat der grutte ferskillen binne tusken de 21 wetterskipppen yn Nederlân yn hoe't sy de ferskillende kategoryen belêste. "Bij waterschap Noorderzijlvest in Groningen gaan huiseigenaren bijvoorbeeld 13 procent meer betalen en agrarische bedrijven 16 procent minder."
Yn Fryslân betelje húshâldens mei mear persoanen dit jier goed 20 persint mear wetterskipslesten en agraryske bedriuwen 2,2 persint minder.
De Fryske tariven lizze boppedat flink heger as lanlik. Dat hat ûnder oare te krijen mei in grut wurkgebiet en yn ferhâlding minder ynweners.

De feroaring yn wetterskipslêsten yn Fryslân

2024 2023 Ferskil
€ 368,89 € 303,02 21,7% Ienpersoanshúshâlden (eigen hûs)
€ 160,03 € 166,07 -3,6% Ienpersoanshúshâlden (hierhûs)
€ 506,81 € 420,30 20,6% Húshâlden mei mear persoanen (eigen hûs)
€ 297,95 € 283,35 5,2% Húshâlden mei mear persoanen (hierhûs)
€ 6.742,60 € 6.895,13 -2,2% Agrarysk bedriuw
€ 1.089,58 € 821,82 32,6% Mkb-bedriuw
"Zes van de 21 waterschappen houden wij voor dat zij moeten realiseren dat een steeds groter deel van de waterschapslasten wordt betaald door huiseigenaren, terwijl boeren bedrijven veel minder betalen."

Wetswiziging

Der is neffens De la Porte in oplossing: der leit in wetswiziging klear yn de Twadde Keamer om de wetterskipslêsten mear yn lykwicht te bringen. "Waterschappen kunnen dan andere tarieven gaan hanteren voor woningen en ander onroerend goed."
Van Maurik fan Wetterskip Fryslân hopet ek dat dy wetswiziging trochfierd wurdt. "We hadden gehoopt dat die dit jaar al zou worden aangenomen, zodat die begin volgend jaar kan ingaan. Uiteindelijk is het aan ons Algemeen Bestuur hoe de verhoudingen precies liggen."
De folsleine begrutting fan Wetterskip Fryslân komt yn 2024 op sa'n 203 miljoen euro út. Dat wie yn 2023 noch 175,8 miljoen. De ekstra kosten wurde benammen makke troch de omheechgeande kosten yn ûnderhâld, dy binne heger as earst tocht waard.
It jild giet bygelyks nei it ferheegjen fan diken, nei oare wetterbehearmaatregels en nei rioelwettersuvering.. Wetterskip Fryslân wrakselet boppedat mei de gefolgen fan klimaatferoaring, lykas drûchte en fersilting.