Súdwesthoeke krijt 17,5 miljoen euro foar it ferbetterjen fan de leefberens

It doarp Wâldsein yn Súdwest-Fryslân
It doarp Wâldsein yn Súdwest-Fryslân © Shutterstock.com (Steve Photography)
It súdwesten fan Fryslân krijt 17,5 miljoen euro fan it Ryk foar plannen om it libben, wenjen en wurkjen fan ynwenners en ûndernimmers te ferbetterjen.
It jild komt út de saneamde regiodeals. It jild is foar regio's dy't in ekstra ympuls "goed brûke kinne."
De plannen wurde de kommende perioade fierder útwurke. Dat docht it Ryk yn oerlis mei oerheden, ûndernimmers, maatskiplike organisaasjes en kennisynstellingen.
Neffens demisjonêr minister Hugo de Jonge fan Ynlânske Saken binne de ferskillen tusken de regio's yn Nederlân no noch te grut. "En dat terwijl het pas goed gaat met Nederland als het in iedere regio goed gaat. Daarom hebben we de Regiodeals in het leven geroepen."

No súdwest oan bar

Regio's komme sels mei plannen en ideeën om bygelyks de leefberens fan in gebiet te fergrutsjen, opliedingen better oanslute te litten by de arbeidsmerk of bedriuweterreinen te ferduorsumjen. It Ryk finansieret maksimaal de helte fan it jild dat nedich is.
Yn totaal stelt it Ryk dizze ronde 386,4 miljoen euro beskikber foar 22 Regiodeals. By in eardere ronden krigen ûnder mear Noardwest-Fryslân, Noardeast-Fryslân en de Waadeilannen alris in bydrage.

"Boppeslach"

Wethâlder Bauke Dam fan Súdwest-Fryslân is út 'e skroeven mei it jild. "It wie sa spannend. Wy hawwe der hurd oan wurke en in moaie oanfraach skreaun. Dat it no 100 persint honorearre wurdt, is echt in boppeslach."
Wêr't it jild krekt nei ta giet, doart Dam lykwols net te sizzen. Hy neamt wol foarsjenningen, mobiliteit, leefomjouwing en arbeidsmerk as tema's dêr't it knypt.