Rekôrtal opsetten bisten yn Natuurmuseum Fryslân te sjen foar NK

Peter Koomen fan Natuurmuseum Fryslân
Peter Koomen fan Natuurmuseum Fryslân © Omrop Fryslân
Je kinne it sa gek net betinke, of der is in kampioenskip fan. Sa is der no it Nederlânsk Kampioenskip Preparearjen, oftewol it opsetten fan deade bisten. Dat fynt plak yn Natuurmuseum Fryslân en it tal ynstjoeringen is grut.
Der binne leafst 158 stikken oanbean by it museum foar it NK. Dy stikken rinne útein fan lytse muzeskeletsjes oant hiele ûlen en de kop fan in Skotske heechlanner.
De faksjuery hat al del west om te sjen en is noch yn oerlis oer de winners, it publyk kin no alles besjen. Dêr moat de publykspriis út komme.
De preparearre Skotske heechlanner
De preparearre Skotske heechlanner © Omrop Fryslân
It NK is gewoanwei ien kear yn de twa jier. Mar de foarige edysje koe net trochgean fanwegen corona. Konservator Peter Koomen fan it museum tinkt dat it oantal ynstjoeringen dêrtroch wolris sa heech wêze kin.
"Het is meer dan vroeger. Ik denk dat dat ermee te maken heeft dat ze in de coronatijd thuis allemaal dingen hebben gemaakt. Dat komt nu tevoorschijn."

Tefreden

Koomen is goed te sprekken oer it oantal, mar ek oer it nivo fan de measte stikken. Der wurdt ûnderskied makke tusken begjinners en professionals.
It NK Preparearjen yn it Natuurmuseum hat leafst 158 ynstjoeringen krigen
Sels hat Koomen wolris in kursus preparearjen folge, mar is gjin preparateur. Hy hat wol in pear favoriten, mar it oardiel is oan de faksjuery. Dy sjocht tige kritysk nei de stikken.
Mei in fergrutglês nimt de sjuery de bisten goed yn him op. De preparateur mocht sels bepale hoe't er in bist opsette woe. En dêr sit fansels ferskil yn.
Want in fleanende fûgel is dreger as in sittende fûgel. In iepen bek is dreger as in tichte bek.

In hiel ferhaal yn in stik

Wat fan dizze tiid is, is dat der hieltyd faker in 'biologysk ferhaal' útbylde is: tink oan in ûle dy't in wjirm pakt, in rôffûgel mei in mûs yn 'e bek, jonge foksen dy't oan it boartsjen binne.
Der is sels in noardske falk dy't in sniehin pakt, ynklusyf in hiel spoar fan fearren. "Dat moet je bedenken, dat moet je maken. Dat is origineel, interessant."
Natuurmuseum Fryslân
Natuurmuseum Fryslân © Omrop Fryslân, Sian Wierda
Op 6 april wurde de winners fan it NK Preparearjen bekend makke en de tentoanstelling fan de stikken is noch oant en mei 2 juny te sjen yn Natuurmuseum Fryslân.