Liveblog | 9 febrewaris

112-nijs 9 febrewaris: A7 De Jouwer-Snits ticht oant 10.00 oere | Frou ferstoarn by ûngelok tusken linebus en auto

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 9 febrewaris, 12:12
12:12

A7 tusken De Jouwer en Snits ticht oant sneon 10.00 oere

16:00

Slachtoffer ûngelok tusken Kimswert en Arum ferstoarn

ungelok
De helptsjinsten op it plak fan it ûngelok © CAMJO media
It slachtoffer fan it ûngelok tusken in linebus en auto tusken Kimswert en Arum fan 'e middei is ferstoarn. It giet om in 89-jierrige frou út Súdwest-Fryslân.
15:04

Persoan slim ferwûne nei ûngelok tusken linebus en auto

Slim ûngelok op Greate Pierwei by Kimswert
Slim ûngelok op Greate Pierwei tusken Kimswert en Arum © SrFotografie
By in ûngelok tusken in linebus en in auto op de Greate Pierwei tusken Kimswert en Arum is fan 'e middei ien persoan slim ferwûne rekke.
De helptsjinsten, wêrûnder de brânwacht, twa ambulânses en meardere plysjeauto's, wiene gau te plak.
Fanwege de earnst fan it ûngelok is der in traumahelikopter oproppen. Dy kaam út Amsterdam wei, om't dy fan Eelde behindere wie.
De dyk is foar alle ferkear ôfsletten. Hoe't it ûngelok barre koe, is noch net dúdlik.
14:10

Famke nei sikehûs nei botsing mei auto

famke nei sikehus nei botsing mei auto yn kollum Johannes Bogermanstraat Eskesstraat
De fyts en de auto op it plak fan it ûngelok © ProNews Producties
In famke is freed nei it sikehûs oerbrocht nei't se mei har fyts yn botsing kaam mei in auto. It ûngelok barde op de krusing fan de Johannes Bogermanstraat mei de Eskesstraat yn Kollum.
De plysje hat de krusing ôfset om ûndersyk dwaan te kinnen.
11:26

BMW-binde slacht opnij ta

Der is yn de nacht fan tongersdei op freed ynbrutsen yn ferskate BMW's yn it Oosterpark yn Harns, meldt Omroep Zilt. De ôfrûne tiid is de saneamde BMW-binde in protte aktyf yn ús regio, sa sloegen se ek al ta op It Hearrenfean.
De plysje warskôget foar ynternasjonaal rûnlûkende BMW-bindes, dy't hiel sekuer te wurk gean. Sy meitsje in gat op 'e hichte fan it elektryske rút en kinne sa it rút sakje litte. De ynbrekkers meitsje gebrûk fan spesjalistysk ark. Fan de bûtenkant fan de auto is der net in soad skea te sjen.
It doel fan de ynbrekkers is de airbag, it dashboard en de de navigaasje-apperatuer. De skea kin dêrtroch oprinne oant boppe de 10.000 euro.
De plysje ropt minsken op om harren auto op in goed ferljochte plak del te setten, mei kamerabefeiliging, as dat kin. Minsken dy't wat fertochts sjogge, kinne belje mei de plysje.
10:04

Auto bedarret yn de sleat by Tytsjerk

De auto yn de sleat
De auto yn de sleat © ProNews
In auto is freedtemoarn yn de sleat bedarre njonken de Rustenburgerweg by Tytsjerk. Neffens in korrespondint is de bestjoerder hjirby ferwûne rekke en oerbrocht nei it sikehûs.
In berger sil de auto út it wetter helje.