Liveblog | 11 febrewaris

WK-goud Steenbergen op estafette | Schulting tefreden oer rentree

Yn dit bloch hâlde wy jo op de hichte fan de lêste ûntwikkelingen oangeande de sport yn Fryslân.

Lêst bywurke: 11 febrewaris, 21:00
snein 11 febrewaris
21:00

Schulting tefreden oer rentree

orange
Suzanne Schulting op wei nei it goud op de frouljusrelay © Orange Pictures
Suzanne Schulting sjocht werom op in slagge rentree. Foar it earst sûnt ferline jier maart ried se wer races op it heechste nivo. Se pakte dit wykein op de wrâldbeker yn Dresden trije medaljes: goud op de relay, sulver op de 1.000 meter en brûns op de 1.500.
En ek al is se bliid mei hoe't it gien is, se bliuwt fanatyk. Se hie graach goud wûn op 'har ôfstân', de 1.000 meter. "Daar baalde ik van", sei se tsjin de NOS.
Se hat wol it gefoel dat se der alwer ticht by sit. "Maar ik merk wel dat ik flink wat werk te verzetten heb op de laatste rondjes, zeg maar de eindversnelling. Maar ik merk dat ik daar goed mee op weg ben."
20:30

Dêr is it goud

swimmen
Kira Toussaint, Janna van Kooten, Marrit Steenbergen en Kim Busch mei de gouden medalje © Dijks Media
18:49

Knap lykspul Feanfroulju

sc Hearrenfean hat yn de earedivyzje foar froulju knap in punt pakt tsjin Fortuna Sittard. Hearrenfean is hikkesluter, mar hold de nûmer fjouwer fan de kompetysje op 0-0.
18:39

"Ik deed m'n ogen dicht"

swimmen
Kim Busch, Janna van Kooten, Kira Toussaint en Marrit Steenbergen © Dijks Media
"Ik zag hoe Kira (Toussaint, red.) als vierde haar beurt overgaf aan mij", seit Marrit Steenbergen fuort nei ôfrin fan har gouden race. "Ik dacht: we kunnen nog meestrijden om de medailles."
"Toen zag ik Shayna Jack (fan Australië, red.) net voor me zwemmen. Ik deed m'n ogen dicht, en dat doe ik normaal gesproken nooit. Toen ik finishte zag ik de andere meiden juichen, het is geweldig!"
18:35

Steenbergen swimt nei earste goud

swimmen
Marrit Steenbergen op it WK swimmen yn Katar (Doha) © Dijks Media
Marrit Steenbergen is foar it earst yn har karriêre wrâldkampioen langebaanswimmen wurden. Mei de Nederlânske estafetteploech pakte se it goud op de 4x100 meter frije slach.
Nei de earste swimster, Kim Busch, lei Nederlân sânde. Mei Janna van Kooten as twadde swimster foel Nederlân werom nei it lêste plak, mar Kira Toussaint brocht Nederlân werom yn de striid om de medaljes en swom hielendal nei it tredde plak.
As slotswimster moast Steenbergen de striid oangean mei Poalen, Italië en Australië. Nei fyftich meter lei Steenbergen al twadde en doe naam se de lieding oer fan Australië. De swimster út Easterwâlde tikte oan nei 3.36,61 en besoarge Nederlân sa it goud. It sulver wie foar Australië en Kanada waard noch tredde.
Moarn wer in finale
Foar Steenbergen sit de earste dei fan it WK yn Doha (Katar) derop. Moarn om 18.23 komt se wer yn aksje, dan stiet de finale fan de 200 meter wikselslach op it programma.
swimmen
It skema fan Marrit Steenbergen de kommende dagen op dit WK swimmen © Omrop Fryslân
18:18

Steenbergen nei finale 200 meter wikselslach

Marrit Steenbergen hat har pleatst foar de WK-finale op de 200 meter wikselslach. Yn har heale finale einige de swimster út Easterwâlde as twadde. Har tiid fan 2.11,23 wie goed genôch om troch te gean nei de einstriid.
Nei de earste 150 meter lei Steenbergen komfortabel op de twadde posysje en wie se al hast wis fan pleatsing. De lêste 50 meter hoegde se net folút te gean. Se hat har as sechsde pleatst foar de finale. Dy is moarn om 18.23 oere.
It is de earste dei fan it wrâldkampioenskip yn Doha (Katar). Aanst swimt Steenbergen mei Kim Busch, Janna van Kooten en Kira Toussaint de finale fan de 4x100 meter frije slach.