Van der Plas stapt lilk út debat nei 'opmerking' fan Frysk Keamerlid Tjeerd de Groot

Caroline van der Plas en Tjeerd de Groot (by in earder debat)
Caroline van der Plas en Tjeerd de Groot (by in earder debat) © ANP
BBB-partijlieder Caroline van der Plas is lilk út in Keamerdebat stapt nei't it Fryske D66-Keamerlid Tjeerd de Groot "op een hele nare manier" opmerkingen makke hie.
It ynsidint barde mei in Keamerdebat oer de lânbou en fiskerij. Ta de fernuvering fan eltsenien stie Van der Plas ynienen op en sei dat der sprake wie fan in "onveilige werksituatie."
De Groot soe bûten de mikrofoan om wat tsjin har sein hawwe. Wat dat krekt wie, is net bekend. "Ik vroeg haar: waarom maakt u filmpjes net als Denk dat doet", sei hy sels. Guon fan dy filmkes by debatten geane ek wolris oer him.

'Gjin feilige wurkomjouwing'

"Ik verlaat de vergadering, want de heer De Groot zit me allerlei dingen toe te bijten, en ik vind het geen veilige werkomgeving", sei Van der Plas foar't sy fuortgie. "Ik zal hier ook melding van maken bij de integriteitscommissie."
Tjeerd de Groot
Tjeerd de Groot © ANP
It kommisjedebat waard foarsitten troch PVV-Keamerlid Dion Graus. Dy hie de opmerking net heard en ferûntskuldige him. "Kan ik wat doen", frege hy noch. "Onder geen beding", sei Van der Plas.
De BBB-lieder ferliet de seal en sei: "Ik wil niet meer met hem in één ruimte zitten." It is bekend dat Van der Plas en De Groot politike fijannen binne. Sy hawwe stânpunten oer de lânbou dy't fier útinoar lizze.
Dit debat wie yn ien fan de lytsere sealen. De Groot en Van der Plas sieten njonken inoar, mar dat smiet fuortendaalks al opmerkingen op.
It Keamerlid fan Wâldsein sei it respektleas te finen dat Van der Plas klimaataktivisten "tere donkergroene zieltjes" neamde, mar sy fielde har op har beurt wer misledige troch De Groot.