Boargerinisjatyf wol rappe bou fan 50 nije starterswenten yn Burgum

Wenten Burgum
Wenten yn Burgum © Arodi Buitenwerf, RTV NOF
Der binne yn Burgum te min wenningen foar starters. Dy groep driget no út te wiken nei plakken dêr't se wol wat krije kinne. Inisjatyfgroep Burgum 2040 wol dêr feroaring yn bringe.
Nije wike tongersdei, ûnder it Iepen Poadium fan de gemeente Tytsjerksteradiel, presintearret de groep dêrom in plan om de net-winske leechrin tsjin te gean. Neffens de inisjatyfgroep springt Burgum der yn ferliking mei oare doarpen yn Noardeast-Fryslân negatyf út as it giet om starterswenten.
Der wurdt dan wol boud yn it doarp, mar dy wenten binne faak te djoer. Ut eigen ûndersyk fan de groep docht bliken dat mear as 500 jongfolwoeksenen yn Burgum driuwend sykje nei in betelbere wenning, mar dy yn it eigen doarp net fine kinne.
"De measten wolle hjir bliuwe, mar as der op koarte termyn gjin betelbere wenningen komme, sille se ôfreizgje nei stêden as Ljouwert en Grins. Dat sil te'n koste gean fan de fitaliteit en dynamyk fan Burgum. Dat mei net barre", sa seit Brent de Haan fan de wurkgroep dy't it boargerinisjatyf ûntwikkele.
Burgum 2040 wol dêrom yn gearwurking mei de gemeente en oare partijen oer twa jier de bou fan 50 nije wenten realisearje. It hat sels tsien mooglike lokaasjes op it each, wêrûnder it eardere parkearterrein fan FC Burgum.
De inisjatyfgroep ropt bewenners fan Burgum op nije wike nei it Iepen Poadium te kommen en mei te tinken oer in oplossing foar it wenningtekoart.