Stakingen Ausnutria foarearst klear: fakbûnen tefreden mei nij akkoart

Staking wurknimmers Ausnutria
Staking wurknimmers Ausnutria yn it Hearrenfean © Omrop Fryslân
Ausnutria hat in akkoart sletten mei fakbûnen CNV en FNV. Dêrmei binne de stakingen foarearst foarby. De fakbûnen lizze it akkoart de kommende wiken noch foar oan de leden.
Wurknimmers krije neffens it nije akkoart 2,7 kear de wetlike transysjefergoeding as ontslachfergoeding. It sosjaal plan sil twa jier jilde, dus oant maart 2026. De bûnen sieten ôfrûne moanne ek al mei it bedriuw oan tafel mar kamen der doe net út.
Nei de bekendmakking fan in grutte reorganisaasje kamen meiwurkers fan de produsint fan iten foar babys en bern yn aksje. Yn Ljouwert ferdwine 60 banen. It fabryk yn Ommen giet folslein ticht en ek yn Kampen wurdt reorganisearre.
Edwin Martirosian, bestjoerder fan it FNV sjocht posityf nei it sletten akkoart. "Werknemers waren solidair met elkaar en hebben samen gestaakt voor een goed sociaal plan. Er ligt nu een toereikend resultaat op tafel."
De leden krije it akkoart de kommende wiken foarlein. Oant dy tiid binne de aksjes yn alle gefallen foarby.