Epemastate Ysbrechtum docht foar it earst mei oan stinzefloaramonitor

Epemastate yn Ysbrechtum
Epemastate yn Ysbrechtum © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
It snieklokje, de wylde krokus, de winterakonyt of de boskanemoan. Mei de 'stinzefloaramonitor' is te folgjen wat der bloeit op de dielnimmende stinzen, no ek by Epemastate.
Mei de maitiid foar de doar stekke hjir en dêr de earste stinzeplantsjes de kop wer op. Op stinzefloaramonitor binne de histoaryske lokaasjes yn Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân te finen.
Mei in kalinder kinne minsken útfine wat der yn bloei stiet. Ek is der ynformaasje oer soarten, behear en oare opfallende saken te finen.

Epemastate

Njoggen fan de fyftjin lokaasjes lizze yn Fryslân. Ien dêrfan, Epemastate yn Ysbrechtum, docht dit jier foar it earst mei.
Snieklokjes op Epemastate
Snieklokjes op Epemastate © Omrop Fryslân, Arjen Bosselaar
"Anderhalf jaar geleden heeft de stichting waar ik voor werk deze stins in bezit gekregen", seit Maarten Vos. Hy is nei eigen sizzen de 'túnbaas' op Epemastate.
"En die stichting vindt het belangrijk dat het publiek kennis kan maken met de stinzenflora. Dus wanneer er hier wat bloeit en wanneer het hier op zijn mooist is."

Kleurepracht

De kommende moannen ferwachtet Vos in wiere kleurepracht op Epemastate. "Je hebt hier witte sneeuwklokken, paarse bonte krokussen, het geel van de bostulp en de gele anemoon."
Foar minsken dy't dat moai fine, sil Vos ek in kear as twa in rûnlieding troch de tún fersoargje.