Supporters ûndersteboppen fan winst Cambuur: "Einliks wer wat schwung"

Supporters fan SC Cambuur sjogge werom op de wedstriid tsjin Vitesse
Supporters fan SC Cambuur sjogge werom op de wedstriid tsjin Vitesse © Omrop Fryslân
"Grandioas, geweldich, wat in prestaasje." De 3-1 oerwinning op earedivisionist Vitesse fan woansdeitejûn is it praat fan de dei ûnder fans fan SC Cambuur. In histoarysk momint, want de Ljouwerters stean foar de twadde kear yn de skiednis yn de heale finale fan de KNVB-beker.
Wylst de spilers yn it stadion dwaande binne mei in útrintraining, sjogge supporters op de tribune op de doelpunten werom. "Ik reagearre as in wylde, as in gek", seit in frou. "Wat in sensaasje. Wy komme hjir al sa lang mei de hiele famylje en wy libje sa bot mei. Dit is geweldich!"

"Einliks wer wat schwung"

"In geweldige prestaasje", omskriuwt in man de winst. "Ik bin grutsk dat sy it wer foar inoar krije. Der sit einliks wer wat schwung yn. De klup hat syn ups en downs hân, mar dit is hast wer histoarje."
martijn barto
Martijn Barto © Omrop Fryslân
Yn 2017 slagge it Cambuur ek om yn de heale finale fan de beker kommen. Hjoeddeiske assistint-trainer Martijn Barto wie der doe by as spiler. "Wij hadden toen al een aardige reeks neergezet. Toen moesten we - helaas uit - tegen AZ. We hadden liever een thuiswedstrijd."
Cambuur miste op in hier nei de finale: "We speelden een fantastische wedstrijd, maar verloren helaas met penalties." Guon spilers komme by Barto foar ferhalen oer de wedstriid fan 2017. "Het leeft zeker in de groep. De jongens willen iets neerzetten waar over jaren nog over gesproken wordt."
cambuur vitesse winst
Bliidskip op it fjild nei de winst fan SC Cambuur op Vitesse © Dijks Media
"Ik heb zeker op de banken gestaan", seit direkteur Ard de Graaf fan Cambuur. "Vooral met de 3-1 heb ik denk ik mijn eigen record hoogspringen verbeterd." De Graaf omskriuwt de wedstriid as in 'âlderwetske bekerjûn yn it Cambuurstadion'.
Sneontejun wachtet de lotting foar de heale finales yn it bekertoernoai. Dan wit de klup wa't de folgjende tsjinstanner wurdt. De supporters ha de finale al yn de eagen stean: "Ik hoopje op Feyenoord thús. En dan wer sa gek as juster. Dat wurdt in spektakel", seit in frou.
Supporters ûndersteboppen fan winst Cambuur
Fansels, se binne realistysk, in heale finale tsjin NEC of Feyenoord sil net maklik wurde. Dochs dreamt De Graaf al fan in finale yn De Kuip. "Wel met reserve. We moeten niet tevreden zijn dat we halve finale hebben gehaald, we moeten er nu alles eraan doen om nog een stap te zetten."
It sil net barre, mar De Graaf dreamt stikem fan in thúsfinale yn Ljouwert. "Bij wijze van afscheid aan het oude stadion zou het mooi zijn als er voor het eerst in de historie hier nog zo'n finale wordt gespeeld."
Tongersdei wurdt der noch efkes geniete fan de winst, mar de folgjende dei leit de fokus alwer op sneon, wannear't Cambuur spilet tsjin VVV-Venlo yn de Keuken Kampioen Divisie. "Wy moatte gewoan sa trochgean", beslút in supporter. "Normaal dwaan en trochgean."