Hoopfolle sinjalen foar Marrit Steenbergen yn oanrin nei WK: "Basisniveau gaat omhoog"

Marrit Steenbergen, swimmen
Marrit Steenbergen © ANP
Marrit Steenbergen stiet foar it meast wichtige seizoen út har karriêre. Snein begjint se oan it WK langebaanswimmen, mar it haaddoel dit seizoen is fansels de Olympyske Spelen fan kommende simmer.
Twa kear earder die de 24-jierrige swimster mei oan de Spelen, mar doe kaam se allinnich yn aksje op de estafette-ûnderdielen. Steenbergen swom doe gjin yndividuele ôfstannen.
Dit jier is dat oars. Steenbergen hat de startbewizen op har favorite ôfstannen al binnen. En dus kin se talibje nei de Spelen sa't se sels wol. It WK langebaanswimmen, dat snein úteinset, past yn dy tarieding.

Oare konkurrinten

Fanselssprekkend is dat net, want der binne meardere ynternasjonale toppers dy't it toernoai yn Doha (Katar) oerslaan. Sa hat Steenbergen net te krijen mei Mollie O'Callaghan, dy't op it foarige WK noch goud wûn op de 100 en 200 meter frije slach.
"Maar daarvoor komt wel weer een heel sterke Australische terug", fertelt Steenbergen fanút Doha. "Dus bij mij is de concurrentie niet heel anders dan vorig jaar."
Ik zie het ook gewoon als een groot toernooi waar ik goed wil zwemmen.
Marrit Steenbergen sjocht it WK net as 'tuskentrochke'
Tiisdeitejûn kaam de Nederlânske ploech oan yn Katar. Se sjogge harren de eagen út, want it byld dat minsken fan it oaljelân hawwe kloppet. Neat is harren te gek, fernimt Steenbergen. "Er zitten vijf 50-meterbaden op één complex. Dat is wel andere koek."
Dat de Spelen dit seizoen it wichtichste binne, sil Steenbergen net ûntkenne. Mar se wol ek op it WK foar de medaljes gean. "Een WK is een WK. Dus ik zie het ook gewoon als een groot toernooi waar ik goed wil zwemmen."
De Nederlânske ploech hat nei dit toernoai ta pykt, sa as dat dan hjit. "Ik heb hier wel naartoe gewerkt. We hebben wel gas teruggenomen in vergelijking met wat we normaal doen. Ik hoop dat ik goed in vorm ben."
Marrit Steenbergen, swimmen
Marrit Steenbergen by wedstriden yn desimber yn Rotterdam © ANP
It liket goed te sitten mei de foarm fan Steenbergen: in pear moannen lyn behelle se goud op de wrâldbeker en by kwalifikaasjewedstriden yn desimber yn Rotterdam swom se op alle fiif ûnderdielen nei in medalje.
"Mijn basisniveau gaat omhoog. In wedstrijden waar we niet naartoe werken, zwem ik betere tijden. Daaraan kun je zien dat het echt goed gaat", fertelt Steenbergen. "Dat geeft heel veel vertrouwen richting de Spelen."
Op it foarige WK langebaan, yn july yn Japan, helle Steenbergen har earste yndividuele medalje. Se pakte brûns op de 100 meter frije slach.
Dy ôfstân swimt se no ek wer, mar it is net sa dat de 100 meter frije slach prioriteit hat. "De andere drie afstanden zijn voor mij net zo belangrijk."
Steenbergen swimt yn alle gefallen fjouwer yndividuele ôfstannen, dêrneist komt se nei alle gedachten yn aksje op ferskate estafette-ûnderdielen:
swimmen
It skema fan Marrit Steenbergen op dit WK swimmen © ANP
Oer medaljes wol Steenbergen noch net neitinke. Dat komt fansels. "Ik wil goede tijden zwemmen en de finales halen. Dan zie ik dan wel wat er mogelijk is qua eventuele medailles. Ik hoop dat het vanaf zondag lekker loopt en dan gaan we het wel zien."