LNG-skippen fersmoargjender as tocht, mar net by Rederij Doeksen

MS Willem Barentsz (rederij Doeksen)
MS Willem Barentsz van Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
In nij ûndersyk lit sjen dat LNG-skippen mooglik fersmoargjender binne as ferwachte, omdat se mear metaan útstjitte as earst tocht waard. Rederij Doeksen seit dat it net jildt foar harren nije skippen op it floeibere ierdgas.
It ûndersyk seach benammen nei skippen mei 'dual fuel-motoaren' en konkludearre dat LNG-skippen mear metaanslip produsearje as tocht. Dual fuel betsjut dat de skippen sawol op LNG as op in oare brânstof farre kinne, meastentiids gasoalje.
De nije skippen fan Rederij Doeksen, de Willem Barentsz en de Willem de Vlamingh, farre allinnich op LNG en kinne net op in oare brânstof farre. Direkteur Dirk Spoor seit dat de konklúzje fan it ûndersyk iensidich is en mear nuânse nedich hat.
Direkteur Dirk Spoor fan Rederij Doeksen
Direkteur Dirk Spoor fan Rederij Doeksen © Omroep Zilt, Lennard Geerts
De hegere metaanútstjit komt troch dual fuel-skippen dy't net allinnich op LNG farre mar ek gasoalje altyd nedich hawwe foar bygelyks de ûntstekking en helpmotors. Dat soarget foar mear útstjit as by skippen dy't allinnich op LNG farre.
Spoor seit dat de skippen fan Rederij Doeksen folslein op LNG farre sûnder gasoalje foar helpmotoaren. Ek stjitte de LNG-skippen minder út as oare boaten.
"Bij gebruik van LNG is de uitstoot van stikstof ongeveer 90 procent lager, die van fijnstof ongeveer 95 procent lager en die van zwaveloxide 100 procent lager dan bij gebruik van gasolie", fertelt Spoor.
Skylge boat Terschelling Doeksen Boot Willem de Vlamingh Flylân Vlieland Friesland
MS Willem de Vlamingh fan Rederij Doeksen © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
As der yn de takomst mear bio-LNG brûkt wurdt, wurdt it noch skjinner mei folle minder CO2-útstjit. Mar Rederij Doeksen sjocht LNG as in tuskenoplossing. Se wolle yn de takomst graach elektrysk farre.
"Us skippen kinne maklik oerstappe fan LNG nei elektrisiteit mar it elektrisiteitsnetwurk kin dat no noch net oan", seit Spoor. Folslein elektrysk farren betsjut 'zero emissie' mar dat is foarearst noch net mooglik.