Oantal oanfallen troch wolven rint op, mear feehâlders nimme maatregels

wolf
Ofbylding as yllustraasje © Shutterstock
Feehâlders yn Fryslân nimme de lêste tiid faker maatregels om har bisten te beskermjen tsjin de wolf. Se kinne dêr subsydzje foar krije fan de provinsje.
Dochs wurdt it grutste part fan de bisten dy't it slachtoffer wurdt fan de wolf, net tsjin it rôfbist beskerme.
Foaral skieppehâlders yn it súdeasten fan Fryslân fiele de needsaak om wolfkearjende maatregels te nimmen. Yn dy streek binne no hast alle dagen oanfallen op benammen keppels skiep.
Yn natuergebiet it Drents-Friese Wold sit in keppel mei yn alle gefallen tsien wolven: in mantsje, in wyfke en acht neiteam. Fan fiif fan dizze wolven is mei DNA-materiaal fêststeld dat se fee oanfallen ha. Mei elkoar soargje se foar in soad skea.

Hûnderten deade skiep yn 2023

It tal oanfallen op fee is yn de ôfrûne twa moannen bot omheech gien. Yn de perioade jannewaris oantemei novimber 2023 wiene der mei elkoar 79 oanfallen op fee, wêrfan't fêststeld is dat dat troch ien of mear wolven wie.
De ôfrûne twa moannen ha der yn hiel Fryslân 63 oanfallen op fee west. Dêrfan stiet fêst dat dat 27 kear troch in wolf wie. Yn ien gefal is it ûndúdlik en de oare gefallen wurde noch ûndersocht.
It soarge foar 195 deade skiep en ien dea lyts hynder. Yn de alve moannen dêrfoar waarden mei elkoar goed 300 skiep, twa kij, twa ponnys en ien lyts hynder deabiten. Dat docht bliken út de sifers dy't BIJ12 byhâldt, de ynstânsje dy't him foar de provinsjes dwaande hâldt mei faunaskea.
BIJ12 advisearret boeren om har fee achter bygelyks rasters te setten dêr't stroom op stiet. Dat is neffens de organisaasje in effektive manier om bisten te beskermjen, want wolven ha in hekel oan stroomstjitten.
Mar it komt wol hiel krekt mei it pleatsen fan sokke ôfrasteringen. Sa moat der in bepaalde tal folt oan stroom trochhinne rinne en moatte der yn alle gefallen fiif triedden yn de ôfrastering sitte.
wolfwerend stek wolf, skiep
Wolfkearjend stek mei stroom © ANP
De ûnderste moat op syn meast 20 sintimeter fan de grûn ôf sitte, oars kin in wolf derûnder troch. En de heechste tried moat op syn minst op 120 sintimeter fan de grûn ôf sitte, sadat in wolf der net samar oerhinne komme kin.

Underhâld stekken is in soad wurk

Der binne wol tûkelteammen mei dit soarte rasters, want se freegje om goed ûnderhâld. Sa moatte de triedden gjin kontakt meitsje mei gers of oare planten of struken, oars stiet der gjin stroom mear op. De feehâlder moat der geregeld by del om dat te kontrolearjen. En dat kostet in soad tiid.

Wurkje wolfkearjende stekken?

Oer de fraach oft de stekken wurkje is diskusje. Neffens BIJ12 is it in effektyf middel om de wolf te kearen. De ynstânsje hellet Sweden oan as foarbyld. Dêr wurdt al twintich jier wurke mei in omheining mei fiif stroomtriedden of stekken mei ien of mear skriktriedden.
It gefolch dêrfan is dat it tal oanfallen fan wolven op skiep foars ôfnaam is. Der weidzje no selfs mear skiep as ea yn gebieten dêr't de wolf aktyf is, wylst de wolvepopulaasje der ek nochris groeid is.
Dêr tsjinoer steane ûnderfinings fan in tal skieppeboeren yn Drinte. Sy hiene har skiep achter goedkarde stekken te stean, mar toch waarden de bisten oanfallen troch nei alle gedachten in wolf (it ûndersyk nei it soarte bist rint noch). Neffens ien fan de troffen boeren hat de wolf yntusken leard hoe't er mei sa'n spesjaal stek omgean moat.
wolf
Skieppehâlder Stefan Worst fan it Drintske Vledder toant syn stek yn Easterwâlde © Lourens Looijenga
Feit is dat yn Nederlân de stekken kwealik brûkt wurde om fee te beskermjen tsjin oanfallen fan de wolf. Neffens BIJ12 wie der by de oanfallen yn Fryslân oant 19 augustus ferline jier gjin sprake fan stekken sa't dy advisearre wurde. Fan de de earste seis kear dat in wolf it foarsjoen hie op skiep, yn 2018, binne dêr gjin gegevens fan bekend.

Feroare regels soargje foar mear subsydzje

Feehâlders kinne subsydzje krije fan de provinsje om wolfkearjende maatregels te nimmen. Earst wie it sa dat boeren it materiaal oanskaffe moasten en dat achterôf foar in part fergoede krigen.
Sûnt novimber is it oars. No kinne feehâlders yn it foar subsydzje oanfreegje, wêrmei't se stekken en triedden oanskaffe kinne. Neffens de provinsje is yntusken seis kear sa'n subsydzje takend, foar in bedrach fan 47.486 euro. Der binne mear oanfragen dien, mar dy binne noch yn behanneling.
De feroare regels dogge fertuten: it bedrach dat sûnt novimber útkeard is, is sawat it dûbele fan wat betelle waard oan boeren, sûnt de regeling yn 2022 yn it libben roppen waard: 22.955 euro.
Dochs liket it útkearde subsydzjebedrach mar in bytsje, fergelike mei wat de provinsje Drenthe oant no ta útkeard hat. Dat leit rom boppe it miljoen. Mar de regeling rint dêr wol al langer as yn Fryslân.