Liveblog | 8 febrewaris

112-nijs 8 febrewaris: Brân yn Twizel gau ûnder kontrôle

Yn dit bloch hâlde we dy op de hichte fan it 112-nijs yn Fryslân.

Lêst bywurke: 8 febrewaris, 20:45
20:45

Skoarstienbrân yn Drachten

Skoarstienbrân Drachten
Skoarstienbrân yn Drachten © Omrop Fryslân, Lennard Geerts
Oan de Oudeweg yn Drachten hat om 20.00 oere hinne in skoarstienbrân west. Mei in heechwurker koe de brânwacht de brân blusse.
Net ien rekke ferwûne.
16:40

Brân yn it dak by restaurant yn Twizel

Brân Twizel
Ofbylding as yllustraasje © Corné van der Meer, RTV NOF
De brânwacht waard tongersdeitemiddei om 15.28 oere oproppen foar in brân oan de Wedzebuorren yn Twizel. De brânwacht fan Bûtenpost kaam der gau by.
By oankomst hat de brânwacht in ynspeksje útfierd op it dak fan it pân, de oarsaak fan de brân is ûnbekend. Stichting Salvage sil de eigener bystean by it ôfhanneljen fan de brân.
13:44

Harnzer dielt rake klappen út

In 35-jieriige ynwenner fan Harns is feroardiele ta in wurkstraf fan 80 oeren om't er immen in pear rake klappen jûn hie yn in hoarekagelegenheid yn syn wenplak. It slachtoffer rûn dêrby in wûne op yn de boppelippe. Boppedat hold hy der twa losse tosken oan oer.
It ynsidint barde yn maart ferline jier. De Harnzer waard lilk nei't it slachtoffer syn partner in tik op de billen joech. De man frege it lettere slachtoffer wat hy oan it dwaan wie, wêrnei't it slachtoffer sei dat hy de Harnzer lek stekke soe. Dat foel hielendal ferkeard: de Harnzer wie earder ris berôve op Kaapverdië en dizze opmerking brocht allegear ferfelende oantinkens nei boppen.
De Harnzer sloech dêrop de oare man in pear kear hurd yn it gesicht. Dy foel foaroer op de grûn. De falpartij hie foar in part miskien ek te krijen mei it feit dat de man oardel krat bier op hie.
De ynwenner fan Harns moat njonken de wurkstraf in skeafergoeding fan 5.400 euro betelje, plus 2.500 euro smertejild.
12:41

Bestelbus giet yn flammen op yn Drachten

Bestelbus yn 'e brân op de Noarderhogeweg yn Drachten
Bestelbus giet yn flammen op oan de Noorderhogeweg yn Drachten © SrFotografie
Op de Noorderhogeweg yn Drachten is fan 'e middei in bestelbus yn flammen opgien. Troch ûnbekende oarsaak ûntstie der brân yn de bus, wêrnei't de bestjoerder de wein oan de kant sette.
Doe't de brânwacht arrivearre, stie de bestelbus al yn ljochtelôge. As gefolch ûntstie der file op de dyk.
It fjoer is yntusken útmakke. In berger hellet de bestelbus op.
12:09

BMW-dieven strippe auto op It Hearrenfean

bmw dieven ynbraak binde hearrenfean auto
De folsleine foarkant fan de auto is stript © Eigen foto
In ynwenner fan It Hearrenfean is slachtoffer wurden fan BMW-dieven. De ynbrekkers makken in gat yn it foarportier en skuorden it dashboard en navigaasje-apparatuer út de auto.
Op foto's fan it slachtoffer is te sjen dat sawat de folsleine foarkant fan de auto stript is.
De plysje warskôge earder al foar ynternasjonaal rûnlûkende BMW-bindes, dy't hiel sekuer te wurk gean. Sy meitsje in gat op 'e hichte fan it elektryske rút en kinne sa it rút sakje litte. De ynbrekkers meitsje gebrûk fan spesjalistysk ark. Fan de bûtenkant fan de auto is der net in soad skea te sjen.
bmw dieven ynbraak binde hearrenfean auto
De ynbrekkers makken in gat yn it foarportier © Eigen foto
It doel fan de ynbrekkers is de airbag, it dashboard en de de navigaasje-apperatuer. De skea kin dêrtroch oprinne oant boppe de 10.000 euro.
De plysje ropt minsken op om harren auto op in goed ferljochte plak del te setten, mei kamerabefeiliging, as dat kin. Minsken dy't wat fertochts sjogge, kinne belje mei de plysje.
11:50

Goeiemiddei

Wolkom by it 112-liveblog fan tongersdei 8 febrewaris. Hjir fynst in oersjoch fan ûnder oare ûngelokken, brannen en ferkearsynformaasje yn ús provinsje.
It 112-nijs fan juster fynst hjir werom.