HEA! Bakken yn de bakkerij

HEA! Bakken yn de bakkerij
By bakkerij Vliegendehond yn Wolvegea hâlde se derfan om as kollega's elkoar skrikke te litten. Foaral meiwurkster Joke de Lange is faak de pineut. Se skrikt oeral fan en dan wurdt der troch Joke ek stevich by flokt.
Der binne altyd wol kollega's dy't dat dan filmje. Fan al dy grappen is in filmke makke en dat is op de social media firal gongen. It grutste pleachbist is Henk Kromkamp. Dy fynt alle kearen wol wer wat út om Joke skrikke te litten. Se ha by de Vliegendehond altyd in soad wille, mar der wurdt ek noch hurd wurkje.